De earste trije jier mei der net ljipaaisocht wurde
Resint ferskynd
Provinsje Fryslân jout de earste trije jier gjin ûntheffing foar it ljipaaisykjen. Alteast net foar it fandeljen en mei nei hûs nimmen fan de aaien.
Undersyk troch fûgelûndersykburo Sovon toande okkerdeis oan dat de stân fan de ljip yn Fryslân ûngeunstich is. Yn offisjele termen: de ljip befynt him yn in ‘ongunstige staat van instandhouding’. It ûndersyk waard yn opdracht fan de provinsje Fryslân dien en wie nedich nei oanlieding fan de útspraak fan de Ried fan Steat begjin 2015. Yn dy útspraak waard de ûntheffing dy’t de provinsje ôfjoech foar it meinimmen fan ljipaaien yn de perioade 2013-2015 beoardiele. De Ried fûn dat earst foldwaande ûnderboud wurde moast hoe’t it mei de ljippestân giet. Deputearre Steaten hat no in offisjeel beslút op beswier yn it ramt fan de útspraak naam op grûn fan it Sovon-rapport.
It beslút is dat der dit jier gjin ûntheffing foar it meinimmen fan ljipaaien út it lân komt. De aaien meie wol socht, mar net meinommen wurde. Deputearre Johannes Kramer sjocht ûnfoldwaande juridyske mooglikheden om sa’n ûntheffing troch de Ried fan Steat te krijen. Foar de langere termyn wol de provinsje graach yn oparbeidzjen mei de Fryske fûgelwachten berikke dat de ljippestân struktureel better wurdt. As dat doel berikt is, kin yn de takomst mooglik wol ûntheffing jûn wurde foar it meinimmen fan ljipaaien. Deputearre Steaten wol de situaasje mei de ljippestân oer trije jier opnij besjen. De tradysje fan it earste ljipaai fine en oanjaan by de provinsje kin wol trochgean. Kommissaris fan de Kening John Jorritsma komt dan nei it fynplak ta om it aai te besjen, mar sil it net lotterje omdat it net út it nêst helle wurde mei.
It Bûn fan Fryske Fûgelwachten BFVW is ‘slim teloarsteld’ yn it beslút. Neffens foarsitter Rendert Algra fan it BFVW hat de provinsje benammen in soad ‘tiid fergriemd’ sûnt de útspraak fan de Ried fan Steat oer it aaisykjen fan ferline jier. Algra is it net mei deputearre Kramer iens dat der gjin juridyske basis wêze soe om in ûntheffing te ferlienen.
It BFVW ûndersiket op dit stuit oft it mooglik is om it beslút fan Deputearre Steaten juridysk oan te fjochtsjen mei in koart pleit. It Bûn fan Fryske Fûgelwachten sil dat woansdeitejûn yn Wommels beprate mei de leden. De provinsje lit witte graach mei it BFVW oparbeidzje te wollen om te sjen hoe’t de ljippestân it bêste ferbettere wurde kin. Oer it idee om de Kommissaris fan de Kening mei learzens it lân yngean te litten om it aai te besjen is Rendert Algra noch net entûsjast. “Tradysjes kinne je net ôftwinge. It giet ús om de tradysje fan it aaisykjen én de neisoarch.”
Sovon ûndersocht ferskate saken dy’t fan ynfloed binne op de ljippestân. Dêrby giet it ûnder oare om it tal lijppen dat briedt, de beskikbere habitat (leefgebiet) en de fersprieding. Dêrnjonken is ûnder mear sjoen nei it nêstsukses, kâns op it faker lizzen fan aaien en it oerlibjen fan piken. De fûgelûndersikers konkludearren dat de stân fan de ljip yn de perioade 2003-2014 trochinoar mei 2,8 % yn it jier tebek gie. En dat it leefgebiet en de fersprieding fan de fûgel ôfnimt. De lêste jierren liket de ljippepopulaasje stabyl, mar dat skoft is noch te koart om it in stabilisaasje neame te kinnen.
Boarnen: Provinsje Fryslân en Omrop Fryslân. Sjoch hjir en hjirre foar lûdsframinten en filmbylden.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje