2016 is it jier fan it Limburchsk
Resint ferskynd
Neist it Frysk en it Nedersaksysk is ek it Limburchsk in troch de oerheid erkende minderheidstaal yn Nederlân. Om’t de koepel fan Streektaalorganisaasjes Veldeke yn 2016 njoggentich jier bestiet, is dit jier útroppen ta jier fan it Limburchsk. It hiele jier troch binne der aktiviteiten om it Limburchsk hinne. Sa komt der in online-soapsearje yn it Limburchsk, dy’t ûnder oaren fia Facebook te folgjen is. Yn febrewaris en maart komt der in Limburchsktalige teatertoer en yn april is der in grut Limburchsk diktee.
It dialektjier is yn desimber yntrodusearre mei in Limburchsktalige âldjierskonferênse. Dy is hjirûnder te besjen. Klik hjir foar in oersjoch fan alle aktiviteiten yn it jier fan it ‘Jaor van de Limburgse dialekte’.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje