It gefaar fan twataligens

jannewaris 15, 2016 11:01
It webstee fan Omrop Fryslân is tsjintwurdich ek folslein twatalich

It webstee fan Omrop Fryslân biedt tsjintwurdich ek alles yn twa talen oan

Wat betsjut it eins as jo stribje nei twataligens? Wol dat sizze dat in deputearre better op it Nederlânsk oerskeakelje kin, as der ien yn de seal sit dy’t gjin Frysk ferstiet? Of wol it sizze dat elkenien de taal brûke kin dy’t er wol? Betsjut twataligens dat Omrop Fryslân twatalich is of dat der in folslein Nederlânske omrop en in folslein Fryske omrop besteane? De Welske ûndersiker en taalbeweger Simon Brooks hat der in kollum oer skreaun. Hjirûnder is in gearfetting te lêzen.

Tillevyzje is oars net as in stik ark. Wat omroppen mei dat stik ark dogge, is in wjerspegeling fan wat de maatskippij docht. De dominânsje fan in taal yn ‘e maatskippij is gauris werom te sjen op ‘e tillevyzje. Doe’t de Welske stjoerder S4C yn 1981 oprjochte waard, wienen alle omroppen eigendom fan de steat. S4C waard sjoen as in ynstrumint dat de oerheid brûke koe om in taalminderheid taalrjochten te jaan. De hearskjende idiology yn dy tiid wie ien fan twataligens: guon programma’s wienen yn it Ingelsk, oaren yn it Welsk. Ingelsk wie de dominante taal, mar it Welsk krige in pear hoekjes dêr’t it net mei dy grutte taal hoegde te konkurrearjen.

Hjoed de dei is it wurd ‘twataligens’ noch hieltiten yn gebrûk, mar de betsjutting derfan is feroare. Twataligens is net langer in manier om sprekkers fan in minderheidstaal taalrjochten te jaan, it wurdt no brûkt om de praters fan in minderheidstaal noch dúdliker te meitsjen dat it Ingelsk de noarm is. Mei in ‘twatalich Wales’ wurdt net langer in Wales bedoeld dêr’t alle boargers sels kieze kinne hokker taal oft se brûke. It wurdt in Wales dêr’t fan net ien ferwachte wurdt dat er Welsk leart, mar dêr’t elkenien wol it rjocht hat om alles te folgjen. Yn de praktyk betsjut dat dat alles wat yn it Welsk dien wurdt, ek yn it Ingelsk oerset wurdt. Oarsom is dat útsoarte net it gefal, want elkenien begrypt it Ingelsk wol.

Op dy wize wurdt twataligens de dea fan it Welsk. Der binne hjoed de dei twa talen yn Wales: Ingelsk en Twatalich. Eartiids hiest yn Wales twa soarten eveneminten: Ingelsktalige en Welsktalige. No binne der Ingelsktalige en Twatalige. Welsktalige kranten en doarpswebsteeën binne der net mear: se binne allegear twatalich. Yn de 20e ieu mochten gemeenterieden yn de taal fan it doarp gearkomme. No beskuldiget de Welske Ombudsman Welskpratende gemeenteriedsleden derfan dat se minsken bûtenslute en dat se har bestjoerlike taak net goed útoefenje. Gemeenterieden dy’t altyd alles yn it Ingelsk dogge, kinne harren gong gean. It muzykfestival Eistedfodd is ien fan ‘e lêste Welsktalige festivals en it kriget allegeduerigen krityk.

Sûnt S4C warber is op ynternet, is it ek twatalich. De twitterberjochten en it webstee binne twatalich. De Ingelsktalige media yn Wales dogge neat twatalich. Want twataligens is allinne ferplichte foar de sprekkers fan de minderheidstaal. En no wurdt der oanstien op Ingelske ûndertiteling by de programma’s fan S4C. It is in manier om de Welske taalkultuer te kolonisearjen en te feringelskjen ûnder de flagge fan twataligens. Soks is desastreus foar it selsbyld fan Welskpraters. It Welsk wurdt in oanhingsel fan it Ingelsk. Wat is noch de mearwearde fan it Welsk as alles wat yn dy taal sein wurdt ek yn Ingelsk beskikber is? Dêrom stypje ik de striid fan oare taalbewegers, bygelyks yn Skotlân, tsjin ûndertitels yn de mearderheidstaal.

Twataligens moat echt kultureel ferskaat ynhâlde. No is it djoere flauwekul. It wurd ‘twataligens’ moat syn âlde betsjutting weromkrije: it bestean fan mienskippen dy’t de minderheidstaal brûke en mienskippen dy’t de mearderheidstaal brûke, sûnder oersetting. Omroppen yn minderheidstalen binne fan dy mienskippen. Mei ûndertitels hawwe de sprekkers fan de minderheidstaal der neat oan. Dy bringe har allinne mar yn it sin dat harren taal minderweardich is en bliuwt.

De oarspronklike Ingelsktalige kollum is hjir te lêzen:
http://www.gaidhlig.tv/post/136328340532/tv-subtitles-and-the-strange-death-of-the-welsh

jannewaris 15, 2016 11:01
Skriuw in reaksje

11 opmerkingen

  1. tsjerk jannewaris 15, 17:04

    Grif is hjir ‘dûbeltaligens’ bedoeld en is de oersetting/gearfetting dus net alhiel goed. Dûbeltaligens is itselde berjocht/stik yn beide talen. tagelyk (dus bgl. Frysk én Hollânsk). Twataligens is it iene berjocht/stik yn de iene taal (bgl. Frysk) en it oare berjocht/stik yn de oare taal (bgl. Hollânsk). Net en-en, mar of-of dus. Dat is in wichtich ferskil. Fierders soe ik It Nijs hâlde wolle oan ús offisjele stavering: dus bgl. iuw en telefyzje en hjoed-de-dei …

  2. H. jannewaris 15, 19:28

    Tsjerk: de strekking fan Brooks syn stik is no just dat it wurd ‘twatalich’ yn de praktyk in oare betsjutting krigen hat. It wurd wurdt no brûkt foar wat je ek ‘dûbeltalich’ neame kinne. Sa hear ik it yn it Frysk ek wol. Op Facebook stie okkerlêsten: ‘Kramer hie net stuch wêze moatten, wy binne dochs twatalich yn Fryslân.’

  3. wirbel010 jannewaris 16, 11:17

    Yn Fryslân ha je mar Frysk te ferstean! Want at dat net sa is kin it Frysk net mear normaal brukt wurde. Dan hâld it Frysk op te bestean. Dus kom op foar jim taal en praat altyd Frysk yn Frylân! Hollanders dy’t it net ferstean wolle moatte mar ferhúzje!

  4. Mink jannewaris 20, 16:52

    Twataligens is in betizjende en yn it slimste gefal in bewust manipulearjende term. Om sân yn’e eagen te struien. Twataligens bestjut téoretysk dat de iene groep ientalich, en de oare groep twatalich wêze kin En bliuwe mei. Praktysk kin der dan allinnich kommunikaasje tusken beide wêze as de twataligen net te “stuch” binne om mei de ientaligen yn dy harren taal, dat is ommers de mienskiplike taal, om te gean. Gefolch is dat de ientaligen oeral har eigen taal brûke kinne en de twataligen dat allinnich kinne mei oare twataligen. De troch allen dielde taal fan de ientaligen wurdt dan de algemiene taal. De twataligen hâlde har eigen taal om frij te brûken yn klupferbân en efter de eigen foardoar. It dat gjin saak fan demokrasy en lykberjochtiging? It fernúveret dat minsken dy’t skerp en logysk tinke kinne, as it oer ‘twataligens’ giet, sok dûbelsinnich praat ferkeapje.

  5. Th. Dykstra jannewaris 20, 22:24

    Sa simpel as Mink it steld is it no ek wer net. As yn in twatalige provinsje as úzes ientalige net- Fryskpraters , dy’t hjirwenje, de taal fan it gebiet net ferstean wolle dan ûntnimme se dy taalmienskip yn eigen taalgebiet it rjocht harren taal te brûken. Benammen Frysktalige bern leare dan dat harren taal minderweardich is.
    IAs it Frysk hieltyd minder brûkt wurde kin , omdat oaren oersettings en ûndertiteling freegje , dan sil it gebrûk hurd ôfnimme (te djoer, tefolle ekstra tiid) .
    Boppedat sil it ûnderwiis hieltyd minder motivearre wêze om ûnderwiis yn it Frysk te jaan ( rjochte op twataligens),want der komt ommers wol in Hollânske oersetting of de Frysktaligen stappe wol op jins taal oer. Neat gjin opfieding ta respekt foar inoars taal en kultuer.
    Dûbeltaligens betsjut op termyn de deastek foar de minderheidstaal. It artikel sinjlearret mei rjocht en reden in foarm fan taalgeweld : de mearderheid leit syn taal op oan de minderheid en fynt dat de gewoanste saak fan de wrâld as in foarm fan neisteleafde.

  6. Rob jannewaris 20, 23:14

    Th. Dykstra: Ik bin mei jo betoach iens, mar it hoecht net altyd sa te wêzen. Yn Wales en Kataloanje dogge minderheden it wol goed troch de taalwetjouwing dy’t better regele is yn Fryslân. In neikommer dy’t yn Fryslân te wenjen sil soe ferplichte wêze moatte om Frysk te learen (itselde soe jilde moatte foar it Papiamentsk oft Ingelsk yn de oerseeske parten fan it keninkryk). De Fryske politike partijen soe ek stribje moatte nei mear foech foar de provynsje (de status as lân lykas Aruba, Kurasoa en Sint Maarten). Yn Wales libje likefolle Welsktaligen as Frysktalich hjir, mar de befolking is wol trije miljoen. Dochs binne de taalwetten dêr folle strikter as hjir. Soks soe hjir ek kinne.

  7. Pythein jannewaris 21, 11:15

    Hoe it wêze moatte soe neffens it fetsoen is wat oars as hoe’t it der yn’e deistige praktyk om en ta giet. En wetlike regels gjin ynfloed mear op gedrach, grif net as it om it brûken fan (in) taal giet. Rob syn wetlike ferplichtings komme der nea, men laket derom. It rjocht op frij taalgebrûk stiet boppe sokke wetten/ferplichtings. Troch wa en hoe sille dy wetten alle dagen hanthavene wurde? Troch de Friezen ??? In taalplysje dan. Troch de rjochter dy’t sels Hollânsk praat !!! Foar wetten is in sûvereine rjochtsmacht nedich.En fansels demokratyske legitimaasje. En bringe jo dit, de rie te’n ein, nei Straatsburch, dan wurdt it ôfsketten. Sa simpel is it no ienkear, Thom.
    Jimme foarstellen krije fan alle Friezen dy’t ik kin en dy’t om my hinne libje gjin skyn fan kâns. Sels FNP-pommeranten litte it der yn it iepenbier by sitte ………….
    En de jonge ginneraasje? Myn bern? Dy prate mei harren freonen Hollânsk, sels as dy freonen thús ek Frysk prate. Se skamje har as se hjir yn’e hûs of dêr byinoar komme en sa’n gekke heit Frysk praat.
    Dat binne oare wetten. Dy fan de kommunikaasje, de groepsidentifikaasje. En dy steane net op pepier mar al boppe de wetten fan moraal en minderhedenrjocht.
    Salang at wy dat net ynsjen wolle, bliuwe wy hingjen yn mantra’s oer wat wêze moatte soe.
    Mar net is.

    .

  8. Jehannes Elzinga jannewaris 22, 14:48

    Ik bin it mei Pythein iens dat wetlike regels as sadanich it Frysk net echt helpe sille. Kinst minsken net twinge Frysk te brûken, mar kinst harren wol ferliede. PH is wol hiel fatalistysk, krekt as soe de ûndergong fan in minderheidstaal in natoerwet wêze dêr’t neat tsjin te dwaan is. It soe wol helpe as de oerheid twataligens net allinnich preket mar ek yn de praktyk tapast, byg. troch beskate ynformaasje allinnich yn it Frysk te publisearjen. By alle fakatueres soe as funksje-eask steld wurde moatte dat kandidaten it Frysk behearskje moatte, sadat it in ekonomysk foardiel wurdt Frysk te behearsken. Dat moat dus ek jilde yn it ûnderwiis, rjochtbanken en de sûnenssoarch. Bedriuwen soene stimuleard wurde moatte troch de oerheid mear Frysk te brûken. Mar it wichtichste is, dat Friezen sels sterk yn harren skuon steane en harren net ferbrekke sels tsjin Hollânskpraters dêr’t hja fan witte dat se Frysk fersteane. Dus PH, lit ús Hollanners dy’t fan goede wil binne de kâns jaan te yntegrearjen troch Frysk tsjin harren te praten, de measten sille jin tankber wêze!

  9. Rob jannewaris 22, 20:45

    Pythein: De wetjouwing dêr’t ik op doel is mear in ferplichting. Lykas Elzinga seit kin it ferplichte wurde foar amtners om Frysk ek aktyf te behearskjen. De taal dy’t se dan prate mei boargers soe dan bepaalt wurde moatte troch de taalkar fan de boarger. Yn Wales is de wetjouwing al sa regele. Yn Kataloanje is it ûnderwiis folslein yn’t Katalaansk. Spaansk wurdt joen as frjemde taal. Soks soe ek yn Fryslân kinne, mar dan moat Fryslân earst út it sintralisearre lân Nederlân stappe om troch te gean as lân binnen it keninkryk. En sjoen de hâlding fan de befolking wurdt dat faaks nog it dreechst.

  10. gidon59 jannewaris 24, 19:18

    Ik sels ha hjir gjin problem mei ik ben fiif talig

  11. Nanne maart 10, 21:54

    It gefaar fan twataligens is dat it útdraait op dûbeltaligens en dat dy oare taal dan weiwurdt. Soks docht bliken op de webside fan de Kulturele Haadstêd. J. G. Mulder fan Nijhoarne klage dêr tiisdei yn de Ljouwerter oer: “Alles yn it Nederlânsk”. Moai dat Mulder der oer falt en it is wier. Dochs is de side likegoed yn it Frysk te lêzen. Mar dan moat jo in lyts knopke yn in tredde taal wol opfalle: ‘Select language’. Blykber wit de redaksje fan de Ljouwerter dêr ek net fan ôf, oars hienen se de klacht fan Mulder net yn de krante opnaam (mei ik oannimme). Jim kinne ek op it Frysktalige part fan it web út ein sette mei surfen, dan ha jo soksoarte problemen net: http://startside.frl/.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.