Wêrom ‘de’ en ‘it’?

desimber 18, 2015 15:44

Wêrom ‘de’ en ‘it’?

Troch Henk Wolf

Wêrtroch ha it Frysk en it Nederlânsk by deselde wurden (‘bosk’, ‘mar’, ‘fabryk’) ferskillende lidwurden en wêrom komt yn plaknammen lykas Den Bosch en De Nieuwe Meer soms it ‘ferkearde’ lidwurd foar? Dy fraach stie fan ‘e wike yn in reaksje ûnder myn artikeltsje oer ‘me huis’. Omdat it antwurd grif foar mear minsken nijsgjirrich is, haw ik it hjir útwurke ta in nij artikeltsje.

As earste is it belangryk dat wy ússels ferlosse fan in yllúzje. Europa is net fanâlds opdield yn taalgebieten mei sprekkers dy’t allegear itselde lidwurd brûke en dat ieuwenlang konsekwint folhâlde. Yn de dialekten dy’t foarôfgeane oan de moderne standerttalen bestie en bestiet in grut ferskaat oan wurdgeslachten, ûnder sprekkers en yn de tiid. Mei de foarming fan de standerttalen is yn in soad gefallen ien wurdgeslacht as standertfoarm útkeazen, mar yn de deistige praktyk is der yn gâns gefallen noch ferskaat.

Bos / bosk

‘Bos’ wie yn de midsieuwen yn de measte Nederlânske dialekten in (manlik) de-wurd, mar al yn it Middelnederlânsk kaam it yn de betsjutting ‘wâld’ ek al as (ûnsidich) it-wurd foar. Dat lêste geslacht hat de striid úteinlik wûn, mooglik trochdat it synonym ‘het hout’ (letter ek ‘de hout) ek ûnsidich wie. Yn de betsjutting ‘bondel’ (‘de bos takken/bloemen/krullen’) hat ‘bos’ syn oarspronlik de-geslacht holden.

Miskien wie ‘bosk’ yn de Fryske dialekten oait ek in de-wurd, mar dêr haw ik gjin spoaren fan weromfine kinnen. Yn it Nijfrysk wie it oeral yn Fryslân ‘it bosk’, sawol yn de betsjutting ‘bondel’ as yn de betsjutting ‘wâld’. Yn de Wâlden is ‘bosk’ by guon sprekkers feroare yn in de-wurd. Jarich Hoekstra en Willem Visser ha dêr yn Us Wurk ris in moai artikel oer skreaun. Sy tinke dat dat komt trochdat it lidwurd ‘it’ nei in ferhâldingswurd (‘voorzetsel’) soms feroaret yn ”e’ (‘yn ‘e hûs’). As jo yn in streek mei in soad beammen wenje, sizze jo faak dat ien ‘yn ‘e bosk’ is en kinne jo maklik tinke dat ‘bosk’ in de-wurd wêze moat. Op ‘e Klaai hat ‘de bosk’ noait bestien. De foarm ‘de bosk’ út de learboekjes is in besykjen om keunstmjittich ôfstân ta it Nederlânsk te skeppen.

Meer / mar

De skiednis fan ‘meer’ en ‘mar’ liket sterk op dy fan ‘bos’ en ‘bosk’. Yn beide talen komt it wurd de ôfrûne ieuwen foaral as ûnsidich (it-)wurd foar. Yn Hollânske dialekten hat ‘de meer’ in skoft populêr west, mar dan foaral yn de betsjutting fan ‘de polder’, ‘de tichstmiten mar’, lykas yn ‘De Nieuwe Meer’ en ‘De Haarlemmermeer’. Yn it Nederlânsk is ‘meer’ in ûnsidich wurd bleaun, mar yn it Frysk is ‘it mar’ yn de rin fan ‘e 18e ieu feroare yn ‘de mar’. Hoekstra en Visser ferklearje dy oergong op deselde manier as de Wâldfryske oergong  fan ‘it bosk’ nei ‘de bosk’: yn it wetterrike Fryslân praten minsken gauris oer ‘op ‘e mar’ en sa koe ‘mar’ maklik oansjoen wurde foar in de-wurd.

Fabriek / fabryk

‘Fabriek’ en ‘fabryk’ ha eins de ienfâldichste skiednis. Yn de betsjutting ‘gebou dêr’t dingen makke wurde om se te ferkeapjen’ komt it wurd pas yn de 19e ieu foar. It koe doe yn it Nederlânsk en Frysk beide geslachten ha. Yn it Nederlânsk is ‘het fabriek’ stadichoan út ‘e taal ferdwûn, yn it Frysk hawwe de makkers fan learmateriaal de foarm keazen dy’t it meast fan ‘e Nederlânske ôfwykte en is de standertfoarm ‘it fabryk’ wurden, al komt ‘de fabryk’ ek noch altyd foar.

Hoekstra en Visser skriuwe dat it lidwurd ‘de’ nei in ferhâldingswurd yn beskate gefallen ferkoarte wurde kin ta ‘d’ of sels ‘t’. As minsken ‘de fabryk’ sizze, mar ek ‘op d fabryk’ of ‘op t fabryk’, dan kin in oar dat ek ynterpretearje as soenen se ‘fabryk’ as it-wurd brûke.

Dat is net in spesifyk Frysk ferskynsel. Yn Flaanderen wurd it lidwurd ‘de’ nei in ferhâldingswurd ek faak ynkoarte ta ‘t’. Dêrtroch heart men dêr faak ‘in t stad’, ‘op ‘t straat’ ensfh. Foar guon minsken is ‘stad’ dêrtroch al in it-wurd wurden. Sels op skrift komt men yn Flaanderen geregeld ‘het stad’ tsjin.

Tsjerke

Dat proses is yn it Frysk ek noch heeltyd geande, op syn minst by it wurd ‘tsjerke’. Dat is fanâlds in de-wurd. It falt my lykwols de ôfrûne jierren op dat studinten faak “nei it tsjerke” skriuwe. Yn 2013 haw ik dêr in stikje oer skreaun foar De Moanne.

Tusken in ferhâldingswurd en ‘tsjerke’ hoecht yn it Frysk apart genôch gjin lidwurd te stean: ‘yn tsjerke’, ‘nei tsjerke’. It is lykwols net te hearren oft ien no “nei tsjerke” of “nei ‘t tsjerke” seit. Blykber tinke in soad jonge Friezen dat der ‘it tsjerke’ sein wurdt. Doe’t ik der yn 2013 foar it earst nei frege, seinen studinten dat it normaal ‘de tsjerke’ wie, mar dat se wol ‘nei it tsjerke’ en ‘yn it tsjerke’ seinen, krekt as by ‘de simmer’ en ‘fan ‘t simmer’. Resint haw ik ek in studinte fûn foar wa’t ‘it tsjerke’ de gewoane foarm wie.

desimber 18, 2015 15:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.