Ientalige oankundiging bringt Wales yn ûnstjoer

desimber 1, 2015 09:07

In Welsktalige oankundiging fan in gemeenteriedsgearkomste wie in bewenster fan it doarp Cynwyd tsjin ’e seare foet. De frou – ymport en ientalich Ingelsk – klage by de Welske ombudsman Nick Bennett dat se “bûtensletten” waard troch de ientaligens. Bennett joech har gelyk en advisearre de gemeente om tenei alle publikaasjes twatalich te meitsjen. It besteande belied soe “ynwenners teloarstelle” en twataligens soe “folslein ridlik” wêze.

De gemeente hat buorkundich makke dat de measte publikaasjes twatalich binne, allinne de oankundiging en de gearkomstestikken fan ‘e gemeenteriedsgearkomste net. Dat soe neffens in wurdfierder neat útmeitsje, want der soe dochs nea in ynwenner op ‘e publike tribune sitte. “As der publyk komt – wat nea bart – meie se bêst in tolk meinimme”, seit de gemeenteried yn in brief oan ombudsman Bennett. Yn it brief wurdt de frou dy’t in twatalige tekst easke “in frommes dat altyd klaget” neamd en ferset de ried him tsjin “it ûnjuste gebrûk fan de ombudsman”.

“Wêr bliuwt de Welske ferzje?”
In wurdfierder fan ‘e gemeenteried sei tsjin ‘e parse dat de leden net offisjeel reagearje wolle op it brief fan de ombudsman, om’t dat ientalich Ingelsk is.

“As de ombudsman sa foar twataligens is, moat er earst sels mar ris dwaan wat er ús dwaan litte wol”, seit gemeenteriedslid Alwyn Jones Parry. “Syn skriuwen oan ús wie yn it Ingelsk. Wêr bliuwt de Welske ferzje?”

Allinne yn it Ingelsk?
Op oare plakken yn Wales fiele taalbewegers harren just oanmoedige troch de útspraak fan de ombudsman. Oerheden dy’t offisjele oankundigings allinne yn it Ingelsk publisearje, hawwe al brieven krigen dêr’t yn ferwiisd wurdt nei de útspraak dat it “folslein ridlik” is om alle publikaasjes twatalich út te bringen.

desimber 1, 2015 09:07
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 desimber 2, 08:37

    Kompliminten foar de gemeenteried. Net samar alles oplizze litte.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.