Religy yn dizze tiid

desimber 26, 2015 12:47

Yn dizze feestdagen draaie se de top-twatûzen, mei as nûmer ien ‘Imagine’ fan John Lennon:
Imagine there’s no countries
It isn’t hard to do
Nothing to kill or die for
And no religion too
Imagine all the people
Living life in peace…
Dat mei jin ek gjin nij dwaan yn in tiid dêr’t it ferskriklikste konflikt oer religy giet. Mar hoe is it sa fier kommen?

Lit ús dan ris tebek gean nei ús fiere foarâlden, de bisten. Gâns bisten, lykas hûnen, katten, hynders en dolfinen kinne leed fiele. En se kinne treaste en helpe, soms better as minsken. Mar wat se tink net hawwe, dat is it gefoel fan: Wat haw ik ferkeard dien?
Mar foar de minske kaam dat besef al in kear, yn ’e Bibel sa treffend beskreaun as ‘sûndefal’. Doe kaam tink ek it besef fan de dea. Doe wie it dien mei de rêst. De minsken begûnen har ôf te freegjen: “Wat moat ik dwaan?” en “Wurd ik letter yn ’e dea miskien straft?”
Yn dy situaasje wie it in útkomst dat guon minsken iepenbieringen krigen, wêryn’t fan alles dúdlik makke like te wurden. Dat waarden dan profeten, dy’t har treastende wurden ûnder de minsken ferspraten. Mar it wiene ek mar minsken en sa waarden har profesyen bemongen mei minsklike ideeën, sadat minsken it oanfurdzje koene. En sels Jezus moast sprekke yn breklike minskewurden, om’t wy noch net mear befetsje koene.

Mar de treast like geweldich: God is almachtich en beleannet it goeddwaan. Sa hoecht de minske net bang te wêzen. Mar hoe sit it dan mei minsken dy’t troch ûngelok en sykte troffen wurde? Hawwe dy miskien yn in earder libben wat misdien?
Sa bliuwt de minske mei grutte ûnwissigens sitten en fynt er soms treast by in oare profeet. Want ja, dy profeten sizze net allegearre itselde en de iepenbieringen binne blykber net allegearre gelyk. En wat de iene seit, is foar de oare soms wer krekt op ’e kop ferkeard! En sa komt it dan ta al dy ferskate religys.
Minsklik is ek dat har yn dy religys allegearre âlde folksopfettingen befrisselje. Oars krigen se fansels ek net iens in kâns. Yn ús maskuline maatskippij betsjutte dat dus it primaat fan de man. Sa krigen wy noch mar goed hûndert jier lyn de earste froulike dûmny (Anne Zernike). Mar ek keningen en keizers stiene yn heech oansjen.
En as men dan soms immen yn tsjerke djip bûgen sjocht, dan is it krekt oft er foar in minsklike hearsker bûcht, ynstee fan foar in almachtige God, dy’t al sokke earbied net nedich hat. Foaral om’t sokke bûgers dan meast ek mar tige minsklike minsken binne, dy’t de oare deis wer rare streken úthelje kinne.

Miskien binne al ús foarstellingen net mear as symboalen fan de wierheid. Deselde wurden jouwe ommers de iene minske in hiel oar gefoel as de oare, hoefolle muoite de tsjerken ek dien hawwe om ús allegearre kreas yn ’e rigel te krijen. Sa is it libben foar de iene wat hiel oars as foar de oare. En faaks jildt dat ek foar in eventueel letter libben. Miskien kin dat it ek makliker meitsje de grutte religieuze ferskillen te akseptearjen.
Wat by al dit minsklike gedoch opfalt, is it gebrek oan fertrouwen. As wy dat wat mear hiene, dan hoegden wy net sa om te puzeljen op allegear foarskriften. Dan soene wy ek mear genietsje kinne fan dit skitterjende libben op ierde en ús minder soargen meitsje oer wat letter komt. Want wy binne noch mar sa lyts, al miene wy hiel wat.

Pytk [=pyt]

desimber 26, 2015 12:47
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Redbard (Atte Houtsma) jannewaris 2, 09:40

    Ik tink dor wy werom moate nei us raoralder ljieuwen, Wodan, Donar en Freya en de rest, dit bin us woartels,

    En de foaralders sels en animisme, myn dieren binnen de Raaf en de Wolf.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.