Oardel miljoen besikers foar nije James Bond
Resint ferskynd
- Keamer kediist tongersdei oer útgeansferbod, protte nijsberjochten oer ferbod op thúsgasten op ‘e nij ûnwier 0
- RTL meldt: freed útgeansferbod yn Nederlân 0
- NPO Kennisplatfoarm oer aktuele kwestjes 0
- “Britske firusfariant kin yn Nederlân al yn maart dominant wêze” 0
- Utstalling ‘The Rolling Stones – Unzipped’ ferlinge 0
De nije James Bondfilm is yn hast fiif wike tiid troch oardel miljoen Nederlânske bioskoopbesikers sjoen. Spectre gong op 28 oktober yn premjêre en is de bêst rinnende film fan dit jier. “It is net in tige grutte ferrassing. Der is in enoarme hype omhinne kreëarre; James Bond is in tige sterk merk en hy draait yn 350 sealen”, seit filmsjoernalist Robbert Blokland. “Der waarden al in protte minsken ferwachte, en dy foarsizzing is útkommen.” De film hat yn Nederlân oant no hast 17 miljoen euro opsmiten. De film docht it better as syn foargonger Skyfall: nei Spectre kamen yn itselde tal rûlaasjedagen 7,7 prosint mear minsken te sjen.
Dochs rint net elkenien dy’t de film sjoen hat, tefreden nei bûten ta, seit Blokland. “Net alle resinsjes wiene like posityf. En ik ha mei minsken praat dy’t dochs wat teloarsteld nei bûten kamen.” Hy fynt it opmerklik dat der gjin negative mûle-ta-mûlereklame ûntstien is. Filmwebside IMDb wurdearret de film mei in 7,1. Gjin oerdreaun heech, mar wol in terjochte sifer, seit Blokland, yn tsjinstelling ta de wurdearring dy’t de Britten deroan jouwe. “Britske resinsinten jouwe Bondfilms faak wat ekstra stjerren út sjauvinistysk eachpunt wei. Dêrom wurdt de film earst yn eigen lân fertoand, sadat dy resinsjes wrâldwiid oernommen wurde. Dêrtroch ûntstiet der fuortdaliks in positive hype.”
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje