Oantinken

desimber 24, 2015 08:30

Resint ferskynd

Dizze moaie stêd
mei al har tabehearren
dit is it plak
dêr’t ik my thús fiel
hikke en tein bin.

Hja is my dierber
bekend en fertroud
nettjinsteande it feit
dat hja mei de tiid
stadichoan folboud is.

Fyn ik, wannear’t ik
yn har doarmje
op in moaie dei
noch de spoaren
fan in âld ferhaal,

in gedachte, in oantinken
oan de tiid dy’t foarbygiet.

Fêstlein op foto’s
of kreas opskreaun
yn grouwe dokuminten
om de folgjende generaasje
harren kennis troch te jaan.

© Priegel

desimber 24, 2015 08:30
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.