Nynke-Rixt Jukema en Feel the Night

desimber 6, 2015 08:15 Fernijd

Fryslân DOK op snein 13 desimber

‘Feel the Night’ wie ien fan de earste programma’s fan Kulturele Haadstêd Ljouwert 2018. It krige grutte wurdearring fan de Europeeske beoardielingskommisje. Yn it programma ûndersiket de Fryske arsjitekte Nynke-Rixt Jukema de betsjutting fan it tsjuster en de nacht foar it lânskip, de minske en de bisten.

Yn dizze Fryslân DOK wurdt Nynke-Rixt folge nei har bertehûs yn Swarte Hoanne, flak ûnder de Waaddyk yn Noard-Fryslân. Ien fan de tsjusterste plakken fan Nederlân. Eartiids fûn sy dêr it paad op rook en gehoar. Wilens har stúdzje arsjitektuer yn Delft ûntdiek se ta har fernuvering dat der allinnich mar omtinken wie foar ljocht yn gebouwen. Ljocht hie in artistike en ekonomyske wearde, tsjusterte net.

Nynke-Rixt wol de appresjaasje foar it tsjuster werombringe yn Fryslân. Se praat mei doarpen om ‘Duisternisdorp’ of ‘Skimerdoarp’ te wurden: minder lantearnepeallen en oar ljocht dat ek foar bygelyks flearmûzen en nachtflinters noflik is. In dokter wurdt frege nei de betsjutting fan tsjusterte foar de sliep en de hormoanehúshâlding. Fierder giet Nynke-Rixt nei yndustriële plakken mei in soad ljocht yn de nacht, lykas in distribúsjesintrum fan PostNL en in stasjon op it plattelân dêr’t de hiele nacht in protte ljocht baarnt, wylst der gjin trein mear komt.

Fryslân DOK: Nynke Rixt Jukema en Feel the Night
Snein 13 desimber om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Telefyzje. Ek te sjen op sneon 12 desimber om 15.35 oere en snein 13 desimber om 12.25 oere op NPO 2.

desimber 6, 2015 08:15 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*