Nije film oer Charlie Hebdo

desimber 15, 2015 00:51

Op 7 jannewaris fan dit jier stoarmen de swierbewapene moslimsterroristen Chérif en Saïd Kouachi de redaksje fan it satiryske tydskrift Charlie Hebdo yn. Mei kalasjnikovs moarden se de redaksje foar in grut part út. Tolve minsken rekken dea, ferskate oaren waarden ferwûne. De oerlibbers hiene in swier trauma.

Yn Frankryk en België giet woansdei de film Je suis Charlie – l’humour à mort yn premjêre. It is in dokumintêre fan heit Daniel en soan Emmanuel Leconte oer it tydskrift, oer de moardpartij en oer de ûntjouwings dêrnei. De filmmakkers litte wiidweidich sjen hoe’t Charlie Hebdo him nea ta swijen bringe liet en gjin taboe út ‘e wei gie. Hja jouwe in soad omtinken oan de reaksjes fan ‘e wrâld op ‘e oanslach, lykas de gjalp Je suis Charlie en de demonstraasjes yn Parys. De film is kritysk oer de minsken dy’t suggerearren dat de tekenders de moarden sels útlokke hiene mei harren provosearjende gekoanstekkerij en de makkers freegje harren ôf wêrom’t de minsken dy’t nei de moard demonstratyf Je suis Charlie seine, harren earder fan it tydskrift distansjearren.

Je suis Charlie – l’humour à mort wie earder dit jier al te sjen op filmfestivals yn Cannes, Kopenhagen en Toronto. It is noch net bekend wannear’t er yn Nederlân yn ‘e bioskoop te sjen is. Hjirûnder is al in stikje út de film te sjen.

desimber 15, 2015 00:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.