Myn winsk foar krysttiid

desimber 20, 2015 08:00

Resint ferskynd

Leave krystman,
as jo myn brief lêze
dan witte jo myn winsk
foar krysttiid.

Ik genietsje fan de iisblommen
dy’t bloeie op myn ruten,
fan de lytse snieflokken
dy’t dûnsje yn de wyn bûten.

Fan de snieman
dy’t stiet op it plein.
Mar leave krystman, lês fierder:
myn winsk foar krystfeest is lyts.

Ik hâld fan de krystbeam
mei slingers en ljochtsjes,
de kryststâl mei Jezus,
de kado’s mei gedichten.

En fan eltse krystwinsk
dy’t ik lês op eltse kaart
yn bernesokken
dy’t hingje boppe de hurd.

En fan eltse kers
dy’t baarnt yn ús hûs
en de hearlike rook
dy’t komt út ús keuken.

Ik hâld fan alle bern
dy’t prachtich krystferskes sjonge.
Mar leave krystman,
witte jo wat jo my bringe meie?

Ik jou jo it antwurd
op dizze fraach, dit is myn bea:
bring alle minsken op de wrâld
gelok, leafde en frede.

© Priegel

desimber 20, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Karin desimber 22, 13:33

    Prachtig gedicht! Ik kan geen fries schrijven, maar het lezen lukte wonderlijk genoeg wel. Jullie taal lijkt heel erg op ons West-Vlaams dialect. Tof

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.