Lekskoaie tsjin Harns

desimber 28, 2015 08:00

Resint ferskynd

Ik bin it folslein iens mei boargemaster Sluiter fan Harns. It lekskoaien dat it sa spitich is dat de gemeente Harns net meidocht oan de fúzje ta de nije gemeente … moat ophâlde! Dat beslút yn Harns is demokratysk ta stân kommen yn in referindum wêrby’t in oerweldigjende mearderheid fan de ynwenners tsjin in fúzje stimde.

It is dan ek kwealik dat autoriteiten as eks-boargemaster Fred Veenstra fan Frjentjerteradiel (om dy reden derút naaid nei De Fryske Marren?) en sels kommissaris Jorritsma harren der noch altiten tsjin fersette dat Harns net meidie. Dat tsjûget neffens my fan in gebrek oan demokratysk gehalte by harren. It is just sa dat yn Frjentsjerteradiel, Menameradiel en It Bilt de fúzje dertroch jage is yn de gemeenterieden sûnder ynspraak fan de befolking. Dus is it ûnterjochte Harns te beskuldigjen. Sjoen de ûnderfiningen by oare fúzjes soe it my net fernuverje dat oer in tal jierren just de befolking fan de Waadhoeke och sa’n spyt hat fan de beslissing dy’t bûten harren om nommen is.

Jehannes Elzinga, Frjentsjer

desimber 28, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes desimber 28, 08:52

    Wy hawwe no al spyt, dat it op It Bilt net demokratysk gien is. De gemeenteried hat it eigenwijs besluten. Lokkich hoopje ik dat in soad fan de foarstimmers net yn de nije ried fan ‘e Waadhoeke komme.

  2. Bertus Jans Postma desimber 30, 16:56

    Op heech bestel fan De Haach hat de Kommissaris fan de Kening by de boargemasters trune om ‘har’ ynwenners dy iene noardwesthoekster mega-gemeente yn te driuwen -as skiep yn in skieppekoai.En de rieden bûgden as knyften.foar har boargemasters -myn Frysk-Nasjonaal likegoed as de lanlike fraksjes fan CDA. PvdA en VVD. Sûnder altefolle kennisse fan saken leauden se de boargemasterlike ferhalen -dat it wier-wier net oars koe. De Harnzer boargemaster mei syn ouwe seunen hold de holle derfoar: it kin wól oars. Fúzje kin jildlik foar de bewenners net út: Plasterk moat fjouwer miljard besunigje:en wy moatte dy opbringe. Riedsleden dy’t fan gjin ‘ins noch outs’ (de Biltske CDA-frou Zoodsma) stimden/stimme blier en woltemoede fóár de feriening fan har trije gemeenten..
    Jou my de ouwe seunen mar -en de Frije bilkerts! It kin noch goed beteare!!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.