Kollum: Steatsgefaarlik!

desimber 11, 2015 23:00

It ôfweven mei persoanen en organisaasjes omreden fan ‘steatsgefaarlik hâlden en dragen’ leit op in minne namme. Dat komt om’t dy wizânsje ornaris troch diktatoriale rezjyms misbrûkt wurdt om klups te ferbieden en minsken op te pakken dy’t harren net noaskje, wylst se net tsjin dy steat mar tsjin dat regear binne. Lykwols sjoch ik der in funksje foar yn ús demokrasy. En dan is it net iens allinnich te rêden om in gefaar foar de steat, mar ek om gefaar foar it hiele folk en sels letterlik ús lân.

Ik doel op lju en partijen dy’t de klimaatferoaring om eigen gewin leagenje en by it oanpakken dêrfan algeduerigen tsjinakselje. Sok dwaan bewurkmasteret dat wy ús lantsje skielk opdoekje moatte. Want leau dy saakkundigen mar net dy’t sizze dat wy it hjirre – oars as yn Bangladesh dêr’t no al miljoenen minsken útnaaie foar it opkommende wetter – mei ús sinten (!) wol oprêde. Ja, goed harkje nei wat se sizze. Hja ha it dan allinnich mar oer de kommende desenniums. Mar as de wrâld op de Klimaattop fan de Feriene Naasjes yn Parys no net ris wat foarinoar kriget, dan kinne wy it hjir oer in iuw ek net mear bankje. Foar’t ik dy saakkundigen om harren delbêdzjende praatsjes no al fan steatsgefaarlikens beskuldigje, binne der noch wol bettere kandidaten. Dy wol ik hjirby graach foardrage.

Remco DijkstraYn it foarste plak fansels de PVV’ers foar wa’t duorsemens in smoarch wurd is mar dy’t tagelyk roppe en raze oer de flechtlingestreamen dy’t just oanboazje as it klimaat yn de oarden dêr’t dy weikomme hieltyd minder te hurdzjen wurdt. Dat is no populisme. Oaren pakke it folle slûchslimmer oan. Alteast, dat besykje hja. ‘Sûnt wannear ha wy in klimaatalaarm?’, âle de VVD-wurdfierder Miljeu en Klimaat Remco Dijkstra (foto) doe’t it KNMI okkerdeis in koade oranje foar it klimaat ôfjoech. ‘Hat it KNMI dan nije ynformaasje?’ Leave santjin! Wat moatte jo by dy partij fan in ûnderwerp ôfwitte om der wurdfierder foar te wurden? Dat de minske it klimaat opwaarmet is al sûnt ein njoggentjinde iuw bekend en dat soks gefaarlik is, witte we ek al tritich jier. Doe’t immen fan it KNMI foar de radio mei Dijkstra syn dom praat konfrontearre waard, wie it tellenlang stil yn de eter. It stumper doarde blykber net al te bot tsjin te iggewearjen. Hy hie ommers te krijen mei ien fan in regearingspartij. Dy’t oer syn finansiering meikediist.

Tsja, it is dat it KNMI no lang om let net mear om it stik hinne praat, oars hie ik der net foar tebekskrille om op dat renomearre waarynstitút likegoed it etiket ‘steatsgefaarlik’ te plakken. Want by útsjitters yn it waar bearden dy meteorologen oant foar koart altyd dat soks ek wol tafal wêze koe. Dat it der safolle wienen, koe ek noch tafallich wêze. En dat it altyd allinnich mar te rêden wie om ekstremen yn waarmte en wetter, allyksa faaks tafal. Mar de kâns dat soks dan boppedat allegearre tafallich ek noch presys oerienkomt mei wat de wittenskip troch de broeikasgasútstjit ferwachtet, wurdt fansels wol astronomysk lyts.

En dan ha wy ús VVD-fraksjefoarsitter Halbe Zijlstra; dy giet mei wat mear ferdrach te wurk as syn kollega. Hy wol gjin koalesintrales slute, want dat ‘zou Nederland armer maken en de wereld warmer’. Sjoch hjir foar syn redenaasje. Wa’t dan al wat dwaan moat as wy, dy’t oan it wetterfront sitte, net iens wat dwaan wolle, fertelde er der net by. It skynt dat de koalesintrale troch hantsjeklap mei D66 oer it belestingakkoart no noch al ticht sille. Dêrmei ûntkomme de Demokraten by my nauwerneed oan in klassifikaasje as steatsgefaarlik, want netsjinsteande harren miljeufreonlike imago hat no krekt in minister fan dy partij ús opskipe mei dy koalekringen (sjoch nochris hjirre).

Dat bringt my op bewâldspersoanen. Minister Henk Kamp (ek al VVD) wie al sa min te sprekken oer in mooglike sluting fan de koalesintrales. Och, och, krimmenearde er. De Keamer wie altyd oeral mar tsjin. Tsjin gas út Grinslân, tsjin gas út lytse fjilden, tsjin gas út Ruslân, en no wer tsjin koalesintrales. Sokke demagogy fyn ik no steatsgefaarlik. Lêzers fan It Nijs witte wol dat Kamp alle duorsume enerzjy mei opsetsin net neamt yn syn rychje, mar net elkenien is sa snoad.

Noch finer ynlein as niisneamde smjirkerts is ús premier. Dy wie ek yn Parys, fansels, ferline wike; oars hearden jo der net by. En wat sei er? Mark Rutte pleitte foar fergrutting fan it maatskiplik draachflak foar klimaatbelied, troch NGO’s, wittenskip en it bedriuwslibben derby te belûken. Allemachtich! Dy VVD’er hat him noch nea oppenearre as fisionêre roergonger, mar op in stuit dat eskimo’s troch it iis sakje, de wrâld rûnom letterlik yn de brân fljocht (Yndonesië, Australië, Súd-Amearika, Kalifornië) en yn Grut-Brittannië de iene oerstreaming de oare jaget, is der gjin ôfwaaider praat te betinken as soks. En de sleauwens dy’t derút sprekt wol ik foar in folts dat únder de seespegel húsmannet planút as steatsgefaarlik klassifisearje.

We sille it der noch efkes mei dwaan moatte, ha ’k noed, mei dy skarlunen. Takomstige histoarisy sille sûnder mis mei de smjunten ôfrekkenje. Mar foarearst sitte wy noch oantangele mei in lânsregear dat ús, of oars wol ús neiteam, yn gefaar bringt. Hooplik binne de Feriene Naasjes yn Parys ferstanniger as it naasje dat ús lantsje regearret.

Nanne

desimber 11, 2015 23:00
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Sybren desimber 12, 12:00

    Ik Bin o sa foar it beperkjen fan de CO2 utstjit, simpelwei om’t net yn de natuerlijk heard.
    Mar ik ha wol in fraach. Yn it ferline is it klimaat hiel faak feroare, sjoch mar nei de Fryske terpen dy’t it antwurdensille wiene op in hyltyd wieter klimaat. Hoe koe dat?

  2. Nanne Skriuwer desimber 12, 15:20

    Efkes koart om ‘e hoeke, Sybren: Yn de iistiid lei de Noardsee droech. Doe’t it iis fuortteide kaam it wetter dizze kant út. Om 7000 foar Kristus hinne waard Ingelân in eilân. De seespegelrizing gie noch lang troch, mar wol hieltyd stadiger meidat it iistiidiis oprekke. Om 3000 f. Kr. hinne lykwols noch sa’n 30 sm yn in ieu. Yn ús omkriten ûntstie in dynamyske situaasje mei boaiemdelgong (yn Skandinavië fearret de tektoanyske plaat omheech nei’t it gewicht fan it iis fuort is en te uzes sakket dy), sedimintoanfier fia de rivieren, feanfoarming en letter wer ferdwinen fan in protte fean troch minsklike aktiviteiten. Terpen waarden al yn 500 f. Kr. makke doe’t minsken harren yn wiete gebieten nei wenjen setten. Benammen troch it desastreuze effekt fan ûntginnings kaam de see letter wer opsetten, terpen dienen te min fertuten en om it jier tûzen hinne waarden in protte diken oanlein. De iiskapen wienen foar de yndústriële revolúsje likernôch yn lykwicht mei de temperatuer, mar troch temperatuerstiging teit der wer mear iis fuort en bedarje we yn sa’n situaasje as nei in iistiid mei in hurd opkommende seespegel.

  3. sybren desimber 15, 17:10

    Dat is it ferhaal, der kinne we noch de lytse iistiid -1400_1800- oan taheakje. Mar de fraach is: wat wie de oarsaak? Yn elts gefal gjin yndustriele CO2!

  4. Nanne desimber 16, 11:38

    De temperatuerfariaasjes wienen yn it ferline natuerlik (= net feroarsake troch de minske). De lytse iistiid hie nei alle gedachten te krijen mei mindere aktiviteit fan de sinne. De grutte iistiden binne út ein setten troch fariaasjes yn de ierdbaan om de sinne, de hoeke fan de ierdas en it topjen fan de ierde; bewegings dy’t periodisiteiten fan tsientûzenen oant hûnderttûzenen jierren fertoane. It klimaat op ierde rekke periodyk út it lykwicht troch sokke astronomyske triuwkes en bedarre troch fuortsterkjende effekten yn in folslein oare tastân. Dat lêste meganisme is tige wichtich foar de situaasje no. Wy jouwe hjoed-de-dei sels in triuw mei ús koaldioksyde en as we dêr net handich mei ophâlde, sil bygelyks troch it fuortteien fan de iiskape op ‘e Noardpoal minder strieling werom keatst wurde en komt der hieltyd mear fan it broeikasgas metaan frij út tûndra’s. It meganisme fan fuorsterkjende effekten sil fan dy gefolgen wêze dat fierdere opwaarming net mear op te kearen is. Mei alle rampen dy’t dêr by hearre.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.