Frysk net foar fol oansjoen

desimber 28, 2015 15:21

Sa no en dan komt it my oer dat der bedriuwen binne dy’t myn Frysk net akseptearje. Ik haw meastal gjin nocht om derop yn te gean en lit it dan mar. Dochs stekt it. Is ús taal net goed genôch? It fielt wat as soe iksels net doge. As wurd ik net foar fol oansjoen. Ferline wike wie it wer raak. Wy hiene mei de hiele húshâlding te iten west yn Koperen Kees yn Snits. It iten smakke bêst genôch mar dochs sieten wy dêr net noflik. De bern wenje om fierrens en wy woene wol in wurd wikselje. Dat foel net ta. Wy koene inoar amper beroppe. Earst moasten wy ‘genietsje’ fan ynblikke muzyk mei de knoppen wiid iepen. Dêrnei begûnen twa jongelju mei in gitaar te sjongen. Der eefkes nei harkje is net slim mar der kaam mar gjin ein oan it muzikale behang. Wy hawwe it neigesetsje mar sitte litten ek al hiene wy de kaart al wer yn ’e hannen hân.

Nei oanlieding fan ús ûderfining hawwe wy in beoardieling skreaun. Dat giet net streekrjocht mar jo komme dan op in side fan Tripadvisor. De namme allinne al! By kontrôle stie ús ferhaal der kreas op. Oant wy in meeltsje krigen mei de fraach of wy it eefkes oersette koene yn in oare taal. “Verzend je beoordeling opnieuw in een van de volgende talen : Arabisch, Chinees, Tsjechisch, Deens, Nederlands, Engels, Frans, Fins, Duits, Grieks, Hebreeuws, Hongaars, Indonesisch, Italiaans, Japans, Koreaans, Noors, Pools, Servisch, Slowaaks, Portugees, Russisch, Spaans, Zweeds, Thais, Turks, Vietnamees. We kijken uit naar je bijdragen aan onze community”.

Dêr sitte je dan! “Gewogen en te licht bevonden.” Tûmba belje? Lit mar, net wer nei Koperen Kees. Al dy Tsjechen en Serven sille neat oan ús beoardieling hawwe, mar de lêzers fan Itnijs.nl kinne har eigen konklúzjes lûke.

Jabik van der Bij

desimber 28, 2015 15:21
Skriuw in reaksje

9 opmerkingen

  1. mbc84 desimber 29, 11:24

    It is mear regel as útsûndering, Jabik. Ynformaasjefoarsjenning yn it Frysk bestiet net en wurdt nea oan tocht. Hjir soe de Fryske polityk wat betsjutte kinne, mar dit lit it altiten ôfwitte. Frysk brûke wurdt as net normaal beskôge, om’t der ek gjin ynformaasjefoarsjenning yn dy taal is. Tink mar ris oan pinautomaten (wol Dútsk, Frânsk of oars) of yn it iepenbier ferfier (doe’t Arriva der kaam, ferdwûn it Frânsk en bleaunen Nederlânsk en Ingelsk oer as ynformaasjetaal), ensfh. At it al brûkt wurdt, moat it selektearre wurde en stiet it efteroan (automaten Arriva).

  2. Eric desimber 30, 11:14

    Belje dochs Tumba mar, Jabik.Miskien kin in stazjêre ris in rontsje ynternet dwaan om te sjen oft dit faker foarkomt.

  3. Jens desimber 30, 11:36

    Docht my tinken oan Marktplaats, dy’t Frysktalige advertinsjes weihellet, wat in jier of seis lyn yn it nijs wie.
    Raast oan ‘e protters, mar wat kinne je der oan dwaan…

  4. Jabuk Hh desimber 30, 12:18

    Jawis moat it ûngenoegen utere wurde en miskien moat dat njonken Tûmba ek bij de polityk.
    Wat oars. hjoeddedei komme in soad nije minsken yn Fryslân, guon tydlik, foaral út de Arabyske wrâld. Ik ferbaas my der oer dat ik noait fernim dat sokken by it ynburgerjen struktureel de twadde rykstaal leare moatte.
    Krewearje foar it Frysk? Je soenen de moed ferlieze sa langt ús omrop sa heaket nei it Hollânsk en de oplieding ta ûnderwizer net minsken ôfleverje dy’t de taal goed oerbringe kin oan de bern.

  5. sekretariaat desimber 30, 12:21

    Lieding jouwende fan in sekretariaat fan grutte soarchynstelling yn Fryslân wol dat de telefoan yn in Hollâns opnaam wurdt.
    De measten foldogge dêr braaf oan.Direkt yn it Frysk is net de bedoeling…Wylst de klanten yn Fryslân wenje.. Tsja, wat moat je der mei..

  6. Wenskip desimber 30, 13:37

    Tripadvisor is niet alleen voor Friesland,dus wel handig dat het ook voor anderen te lezen is.
    Ik heb geen probleem met het lezen van de Friese tekst,het is toch de bedoeling dat je ook anderen jouw bevindingen laat wete.

  7. Jabik desimber 30, 17:22

    Doch it dan fuort mar yn it ingelsk. Der komme safolle bûtelanners. Sille wy it Frysk en it Hollânsk dan drekt mar by de dyk sette?

  8. Sibe Jan jannewaris 2, 12:43

    Jabik hat in punt, it soe hiel moai wêze at ‘tripadvisor’ ek lytse talen aksepteare soe. Mar ik begryp ek best dat sa’n ynternasjonaal instrumint foarkomme wol dat der rommel skrean wurd troch minne minsken/robots, en at it net skrean is yn gongbere talen is it tige dreech de feedback te kontrolearjen. Myn tip is om Tripadvisor hjiroer te skriuwen, mei feiten lykas dat google translate it frysk no ek oppakt, en dat der in heal miljoen taalbrûkers binne.
    Steurender fyn ik eins dat je (in pear jier lyn, wit net oft it no noch noch sa is) op marktplaats gjin frysk brûke meie (wylst ingelsk en tige min ABN wol akseptearre wurd).

  9. Tjitske july 6, 13:40

    Ik bin it hielendal iens mei de skriuwer, wy krije altiten it gefoel, dat ús taal net doocht. Dat begûn al op de legere skoalle dêr t wy net iens Frysk prate mochten, omt wy oars net goed Nederlânsk leare soene! (wy hiene in net-Fryske haadmeester yn Jirnsum.) Iksels haw altiten wol goed yn talen west en myn bern ek. Die sieten by de heechste Cito-score op de legere skoalle. Wy hawwe se wol opbrocht yn it Frysk!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.