Ferrassende Fryske Top-100 mei nije binnenkommers

desimber 30, 2015 16:36

Aldjiersdei tusken 07.00 en 18.00 oere by Omrop Fryslân

Feroaring mei nije binnenkommers, âlde bekenden en in top yn beweging. Op âldjiersdei wurdt foar de 17e kear de Fryske Top-100 útstjoerd. De list fan dit jier is basearre op goed 37.500 unike stimmen, dat is in rekôr oantal stimmen. De útstjoering fan de Fryske Top-100 fan 2015 is op tongersdei 31 desimber tusken 07.00 en 18.00 oere live te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân.

Opfallend oan de Fryske Top-100 fan 2015 is dat der in protte nije binnenkommers binne. Der binne alve nije nûmers yn de list dit jier en dêrneist binne der fiif nûmers weromkommen dy’t al earder yn in top-100 stien hawwe. Yn de top-10 binne ek twa nije binnenkommers te finen. De grutste stigers fan 2015 binne ‘Libben nei de leafde’ fan Vangrail, fan plak 64 nei 27 en ‘Nim my mei’ fan Mink, fan plak 97 nei 60. Piter Wilkens is mei alve solo’s en ien nûmer mei SimmerTime de meast notearre artyst. De Kast komt sân kear foar yn de Top-100. De 37.500 unike stimmen komme út 26 ferskillende lannen. Neist fansels Nederlân komme se benammen út Dútslân en Amearika.

De presintaasje fan de Fryske Top-100 is dizze kear yn hannen fan Wim Brons, Geert van Tuinen en Femke de Walle. Njonken de presintaasje binne sy dit jier ek wer ûnderweis yn Fryslân om live ferslach te dwaan. Sy binne op besite by eveneminten en minsken dy’t op âldjiersdei wat bysûnders dogge. Minsken dy’t dêr tips foar hawwe kinne kontakt opnimme fia top100@omropfryslan.nl.

De folsleine list, útsein de top-10 is te finen op: www.frysketop100.nl. De top-10 wurdt tongersdei 31 desimber tusken 16.30 en 18.00 oere bekend makke en is te folgjen op alle kanalen fan Omrop Fryslân.

desimber 30, 2015 16:36
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.