Feie Fonyk oer dwalingen fan justysje

desimber 10, 2015 11:25

Wy hawwe yn ús lân in Trias Politica. In bytsje koart troch de bocht komt it derop del dat wy in wetjaande, útfierende en rjochterlike macht hawwe dy’t yn prinsipe net yninoar oerrinne moatte. Dat betsjut in ûnôfhinklike rjochtspraak dy’t him net liede lit troch wat de minsken yn it lân op in bepaald stuit earne fan fine. Sa bin iksels fan betinken dat it yn guon útsûnderlike gefallen mooglik wêze moat om de deastraf út te fieren. Myn freondinne is dat perfoarst net mei my iens. Mar wat ik fyn docht der net ta, wy hawwe de wet en dy wurdt sa goed mooglik tapast. Noch dit: ek al is dy deastraf yn ús lân al ôfskaft yn 1870, hy is nei de twadde wrâldoarloch wol tapast op 39 oarlochsmisdiedigers.

Ik haw in grut betrouwen yn ús rjochtspraak. Dat nimt net wei dat wy de lêste jierren in tal rjochterlike dwalingen hân hawwe. It bekendste gefal is dat fan Lucia de Berk dy’t yn april 2010 frijkaam nei jierren finzenis. Unskuldige Kees B. krige achtjin jier sel en tbs foar de saneamde ‘Schiedammer Parkmoord’ om mar in pear fan de bekendste foarbylden te neamen. En dan hawwe wy op dit stuit de reboelje om de deal mei drugskrimineel Kees H. hinne dy’t Ivo Opstelten en Fred Teeven al yn maart fan dit jier ta ôftreden twong.

Al is de rjochterlike macht ek ûnôfhinklik, dat ûntslacht boargers der net fan om har der as it nedich is mei yn te litten. Mei troch it optreden fan skriuwer Maarten ’t Hart kaam Lucia de Berk frij en troch sjoernalistike ynspanningen kaam oan it ljocht dat dy hiele saak omn Kees H. hinne net doogde.

Op it stuit hawwe wy yn Fryslân te krijen mei de “Makkingaster Mestsilozaak” wêrby’t in Frystalige fertochte earst ôfreizgje moast nei Almelo en letter nei Zwolle foar in rjochtsaak dy’t nei myn betinken gewoan yn Ljouwert holden wurde moast. Yn it foarste plak omdat Friezen it rjocht hawwe om har eigen taal te brûken. Dat rjocht is wetlik fêstlein. Yn it twadde plak omdat eltsenien yn ús lân derfan oertsjûge is dat rjochtspraak sa ticht mooglik by hûs holden wurde moat, al sil dat foar guon fertochten, dy’t leaver wat út it sicht bliuwe, net jilde. It giet te fier om yn dat gefal fan in rjochterlike dwaling te sprekken, mar justysje soe him wol hâlde moatte oan syn eigen ûnderskreaune wetten.

 

 

 

desimber 10, 2015 11:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren desimber 10, 22:05

    Bin net sa wis. De rjochterlijke macht is in macht dy’t net goed kontrolearre wurd. De boarger moat him der dus mei muoaije.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.