Feie Fonyk oer 1956

desimber 31, 2015 10:46

It wie it jier fan de opstân yn Hongarije, mar wa wit dat noch. It earste grutte ûndersyk oer de antikonsepsjepil waard yn dat jier publisearre en Remco Campert skreau ‘Lodewijk Sebastiaan’. Hy skriuwt noch altyd, mar Claus, Hermans, Mulisch en Reve, dy’t yn datselde jier boeken skreauwen, binne dea. It wie ek it jier fan de alfde Alvestêdetocht, op 14 febrewaris. Der diene 259 wedstriidriders mei. Der wie dat jier gjin winner, want Jeen Nauta út Warten kaam – ôfsprutsen wurk – tagelyk mei fjouwer oaren oer de streek nei acht oeren en seisenfjirtich minuten. De organisaasje woe doe de priis jaan oan Jeen van den Berg, dy’t acht minuten letter oankaam, mar dy wegere dat. En it wie fansels kâld dat jier, roetkâld. Twa dagen nei de tocht kaam de termometer yn Uithuizermeeden op min 26,8.

Hoe kom ik no sa op 1956? Dat komt trochdat der in lytse stinsele brosjuere foar my leit, ‘Fortroulik Forslach fan de de Biwegingskonferinsje. Sneon 27 oktober 1956 op Stania State to Oentsjerk’. Yn de list fan de oanwêzigen stiet F. Schurer. Foarnammen waard noch net oan dien. E.B. Folkertsma, de foarsitter fan de Ried fan de Fryske Beweging spriek de middeis oer de ‘Tjinwurdige situaesje fan de Biweging’. En no gean ik oer nei in stikmannich sitaten út it ferslach, mar yn hjoeddeiske stavering, oars wurdt it lêzen lestich. Ik helje der in pear dingen út.

Dat de Beweging sa foar en nei suksessen behelle hat, kin min ûntstriden wurde. Se lizze foaral de kant op fan de oerheid en de tsjerke. Op literêr terrein hat de taal ek yn bredere rûnten tagong krige. Mar dan komt it: Mar oft ús folk foar de eigen wearden yn beweging te krijen is, dat leaut sprekker perfoarst net. Wis, it wol Fryske boeken lêze, Frysk toaniel sjen, mar it is ús net slagge om it ta striid te krijen. De grutte smite tinkt der net oan om aksje foar ús taal te fieren. De tradisjonele bân mei it folk is der net kommen. De kleau tusken folk en foarhoede wurdt al mar grutter. Folkertsma is fan betinken dat “wy sille ús mear op it folk as op Den Haag rjochtsje moatte”. It soe nijsgjirrich wêze om mear út de taspraak te heljen, mar it liedt by my ta de konklúzje dat der sûnt 1956 in soad feroare is. It is de ôfrûne sechtich jier waarmer en waarmer wurden. Ik bin in reedrider en ik hoopje dat ik yn jannewaris of febrewaris derop út kin, mar wat net feroare is, dat is de sleauwens fan in grut part fan de Frysktaligen yn Fryslân. Dat is harren hâlding oangeande it Frysk. Myn gefoelstemperatuer oangeande de taal seit dat der wat dat oanbelanget de lêste sechtich jier net in soad feroare.

N.B. Dizze foto fan Jeen van den Berg komt út it Nederlands Fotomuseum en is makke troch Dolf Kruger.

 

 

desimber 31, 2015 10:46
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Hans JW jannewaris 2, 01:06

    1956 wie ek it jier fan in swiere 16 doarpetocht, dy’t ik as 15-jierrige riden haw!

  2. Johannes jannewaris 5, 15:38

    It wie -18 en stjer helder waar die jûns yn 1956 op Tergrêft en ik wie noch oan ‘t reedriden op Ie. Út en troch kaam der jûns let noch in pear oanriden. Faak gienen se fan wurgens yn ‘t reid lizzen. Dy naam ik mei nei myn beppe en pake harren buorkerij. Wat by de kachel opwaarmje, wat poeiermolke en in stik koeke. Dan gienen se wer fierder rjochtút oer Bartlehiem nei de finish yn ‘e Prinsentún. “Felisitearre”, sei ik, it is noch lyts eintsje, dat helje jimme wol.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.