Feie Fonyk hat begrutsjen mei dominys

desimber 24, 2015 11:35

Kryst, dat is in tiid fan iten, drinken en rêst, mar net foar de dominys. Dy drave fan tsjerketsjinst nei tsjerketsjinst. Hast de krystnacht noch net hân of de tsjerkegongers steane de oare moarns betiid al wer foar de doar. Ast dan it gelok hast om yn de mear swierdere kontreien te wurkjen, moatst ek middeis optrede, oanwêzich wêze by it bernekrystfeest, in tsjinst op twadde krystdei en dit jier de snein derefteroan. In wike letter is it wer feest: âldjiersjûn, nijjiersdei en de snein. As ik dominy wie soe ik wol koarje kinne allinne al by it tinken oan al dy tsjinsten mei Maria en Joazef, de hoeders en de wizen út it easten en dat elts jier wer, fjirtich jier efterinoar.

Mooglikheden genôch sille jo sizze. Do moatst it oerpleatse nei dizze tiid, mar dan sitte wy mei it probleem dat der de lêste jierren net in soad wizen út it easten komme, mar benammen healwizen. Dêr komt by dat der wat langer wat minder minsken yn tsjerke komme. Mei kryst falt it ta, want der binne in soad lju dy’t derfan hâlde om fan ‘de herdertjes bij nachte’ te sjongen. Ik net. It is in ûnnoazel berneferske. It earste kûplet is aardich, mar dernei wurdt it wat langer wat healwizer oer ‘dy stralen dy’t troch elkoar’ skynden.

Wat it ek net maklik makket foar de dominys is dat hja ferhalen fertelle moatte dêr’t in soad minsken fan leauwe dat it allegearre wier sa bard is. Fansels, Jezus hat bestien. Dêr hoege jo wier net oan te twiveljen, mar hy is net yn Betlehem berne, der wiene gjin hoeders en gjin wizen, de famylje is net nei Egypte flechte en Herodes wie grif gjin ingel, mar dy moard op de jonkjes hat der net west, alteast net op dat stuit en op dat plak. It is literatuer. Hawar, it ferhaal is der net minder om en ik winskje de dominys mar in soad kreft ta.

desimber 24, 2015 11:35
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Redbard (Atte Houtsma) jannewaris 2, 09:43

    se hawwe it een stik makkeliker no, sa as mei ferlinne krist; myn heit moast de eerste kristdei 2 preeken dwaen, de twadde ien, mei een jeugdtsinst en de snein wer 2 preeken

  2. P. Hekstra jannewaris 6, 14:09

    Dit is net sa’n smaaklik artikel fan Feie. Hy kin better. Mar miskien skriuwt er út frustraasje? Foar minsken, dy’t sa’n soarte wansmaak net yn ‘e mûle ha, falt it Krystevangeelje ta. (Miskien net alle Kryst-fieringen.)

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.