Eangst as gefaar

desimber 24, 2015 14:09

Wy sitte op ’t heden mei flechtlingen út foaral Syrië en ferskate minsken hawwe dêr eangst foar: se nimme ús huzen en útkearingen yn beslach en se binne gewoan frjemd, hawwe ek in frjemd leauwe en der sitte miskien wol terroristen by.
Sa’n hûndert jier lyn sieten de Dútske grinsgebieten fol mei Joadske flechtlingen út Ruslân wei. Dêr wie yn Dútslân ek eangst foar en wy witte hokker ferskrikliks dêrút fuortkommen is.
Eangst foar frjemden is fan alle tiden en dêr is ek wolris reden ta. Sjoch marris hoe’t fyftjinhûndert jier lyn de mobile Germaanske nomaden samar it folle beskaafdere West-Europa feroveren!

Mar der binne ek oare soarten fan eangst. Sa’n tachtich jier lyn wie Nederlân in wrâldryk en it hiet it “Indië verloren, rampspoed geboren.” Dat ferklearret wêrom’t der nei 1945 yn Nederlân sokke sterke krêften wiene om dat Yndië te hâlden. Ik sjoch noch de ferkiezingsbiljetten fan de kristlike AR-partij: Recht in Indië. En hjoeddedei komt nei boppen hokker ferskriklikheden dat oplevere hat. Mar wy hawwe gjin ‘rampspoed’ krige en de Nederlanners fan no binne folle aardiger minsken as dy eigenwize kringen fan santich jier lyn.

Mar der is ek eangst om it leauwe. Hjoed-de-dei wurdt der praat oer lege tsjerken, mar dat is al sa’n hûndert jier lyn stadichwei begûn, dat it falt te dragen. Hiel wat oars is dat yn ’e moslimwrâld. Dêr kamen de moderne ideeën samar ynienen binnen fallen, wat late ta de opkomst fan de Taliban yn Afghanistan. Dat ûndemokratyske gedoch wie de westlike mogendheden net nei ’t sin en sa begûn in searje oarloggen dy’t de moderne ideeën yn dy kontreien noch folle mear fersprate, foaral hjoed-de-dei mei dy ynternetmobyltsjes. Sa waard dêr de hiele maatskippij yn koarte tiid op ’e kop set: alle oant dan fanselssprekkende wearden en machten waarden ynienen betwivele. En it gefolch is wer eangst, mei al dy ferskriklike aksjes fan 9/11 oant no dan de IS. En dat leveret dan wer dy geweldige flechtlingestreamen.

Sa sjogge wy wêr’t eangst ta liede kin. Dêrom is it fan sa’n grut belang dat der ek noch safolle gewoane meiminsklikens is. Want dat moat úteinlik ús wrâld yn stân hâlde.

Pytk [=pyt]

desimber 24, 2015 14:09
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.