Dochs kâns op fúzje Achtkarspelen-Kollumerlân?

desimber 18, 2015 08:00

De weryndieling yn Noardeast-Fryslân giet foarearst net troch. De fraach dy’t no boppekomt is wêrom’t de fúzje-opsje Achtkarspelen-Kollumerlân (A-K) oan ’e kant skood is, want der ride al gemeenteauto’s rûn mei beide logo’s derop. Hjoed-de-dei wurkje beide gemeenten (al of noch hieltyd?) gear by de tsjinstferliening by skuldkwestjes. Achtkarspelen fiert dy tsjinstferliening út foar Kollumerlân. Nei’t der sein wurdt hat it oan ’e kant skowen te meitsjen mei de komst fan de doetiids nije boargemaster Van der Zwan (2007-2011) yn Achtkarspelen. De ferkearing rekke út; it tútsjeboartsjen wie ynienen foarby. Tytjerksteradiel soe folle better wêze. De gemeenteried stimde dêrmei yn. ‘Het kan verkeren’, is in siswize fan Brederode.

No’t de amtlike fúzje yn Noardeast-Fryslân tusken Dongeradiel, Dantumadiel, Ferwerderadiel en Kollumerlân in jier útsteld wurdt, soene beide gemeenterieden nochris op ’e nij mei-inoar prate kinne oer in fúzje tusken Achtkarspelen en Kollumerlân c.a. Achtkarspelen hat no in oare boargemaster. Formeel sil it in toer wêze, mar net sjitte is altyd mis. De sintrale fraach is oft de kombinaasje A-K wol sterk genôch is of wêze sil. Dat hat te meitsjen mei jild, mar foaral mei it tal ynwenners. Achtkarspelen hat 28.000 en Kollumerlân c.a. hat 13.000 ynwenners. Totaal dus 41.000. In moai oantal!

Nederlân hat op it stuit 393 gemeenten. De measte gemeenten mei 10.000 ynwenners of minder bliuwe (?) selsstannich. Yn Fryslân is de fúzje-hipe op gong brocht troch de Provinsje. ‘Wat grutter, wat better’, want gemeenten moasten ree wêze foar de (soarch)taken dy’t it Ryk op it boardsje fan de gemeenten dêllein hat.

Oeral reint it klachten: fúzje of gjin fúzje!

By fúsearjen rinne der twa spoaren. It iene seit: Hâld in gemeente oersichtlik en tichtby de mienskip. Dat kin allinne, as it gruttere (djoere) wurk op it mêd fan droege- en wiete ynfrastruktuer opkrige en útfierd wurdt troch de Provinsje. De gemeentlike taken dy’t oerbliuwe binne mear op de minske en de mienskip rjochte. In soarte fan Gemeentlik Pleatslik Belang (GPB).
It oare spoar seit: As it allegear perfoarst grutter wurde moat, stjoer dan oan op logysk gearhingjende gebieten en folksaard, mei dêrbinnen in tal gruttere ekonomyske kearnen. Yn Noardeast-Fryslân binne dat Bûtenpost (ûnderwiis/treinferbining Ljouwert-Grins, ensfh.), Kollum, Damwâld, Burdaard ensafierder, mei Dokkum as haadstêd! Skiermûntseach en It Amelân kinne moai oanheakje. Winliken wurdt ‘Holwert oan See’ nochris in toeristyske kearn?

As gemeente Achtkarspelen oanslute sil by dy grutskalige fúzje yn Noardeast-Fryslân, dan is it it bêste om Achtkarspelen yn twaen op te splitsen. It Prinses Margrietkanaal is in logyske skieding. Súdwest-Achtkarspelen, mei Surhústerfean as kearndoarp, slút oan by Smellingerlân en Noardeast-Achtkarspelen mei Bûtenpost as kearndoarp, slút oan by Noardeast Fryslân. Ik bin tige benijd oft de gemeenterieden fan Achtkarspelen en Kollumerlân dy nije fúzjekâns oangripe sille. Of bliuwt it stil?

Ik tink it!

Frâns Kuipers – Surhústerfean

desimber 18, 2015 08:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Erwin2.0 desimber 19, 16:38

    Wolle wy de gemeente dy’t al sûnt de 13e iuw as gritenij bestiet samar even fuortskrasse? Ut ûndersyk fan it ‘Centrum voor Onderzoek van de Economie van de Lagere Overheden’ fan de Ryksuniversiteit Grins docht bliken dat weryndielen simpelwei djoerder is.

    It is boppedat ek al bekend wa’t der foar de kosten fan de weryndieling opdraaid en dat is de boarger. Ut akademysk ûndersyk docht ommers ek bliken dat yn nije foarme gemeente (troch weryndieling) de gemeentebelestingen in stik omheech gien binne.

    Is jildfergriemerij tsjintwurdich in foarm fan neisteleafde fan bepaalde bestjoerders?

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.