De lêste noaten fan it Frysk Orkest

desimber 31, 2015 08:30 Fernijd

Yn Buro de Vries, Fryslân DOK en de Ljouwerter Krante

It Frysk Orkest gie yn 1989 op yn it Noord Nederlands Orkest tegearre mei it Noordelijk Filharmonisch Orkest fan Grins. Yn jannewaris besteegje Omrop Fryslân en de Ljouwerter Krante oandacht oan it Frysk Orkest mei in rige radiodokumintêres, in televyzjedokumintêre en in rige artikels.

Mei help fan in grutte ynsammelaksje ûnder de Fryske befolking koe it Frysk Orkest yn de jierren fyftich professionalisearje. Net allinnich yn konsertsealen mar ek yn doarpshuzen yn alle úthoeken fan de provinsje waarden konserten jûn. Yn de folksmûle waard dan ek praat fan ‘ús orkest’. Doe’t it Frysk Orkest yn 1989 mei it Heare-akkoart opgie yn it Noord Nederlands Orkest, dat Grins as fêstigingsplak krige, rûnen de emoasjes dan ek heech op.

Omrop Fryslân sjocht tegearre mei de Ljouwerter Krante werom op it Frysk Orkest. Fan 17 jannewaris ôf binne der ferskate artikels oer it Frysk Orkest te finen yn de Ljouwerter Krante. Omrop Fryslân jout omtinken yn Buro de Vries en Fryslân DOK.

Buro de Vries – In akkoart sûnder muzyk
Yn Buro de Vries komt in rige fan fjouwer útstjoeringen. Yn de earste ôflevering op snein 3 jannewaris prachtige opnamen út it argyf fan Omrop Fryslân en petearen mei ûnder oaren altfioelist Leendert van der Zeep. Leendert gie yn 1989 fan it Frysk Orkest oer nei it Noord Nederlands Orkest en sjocht werom op dy tiid. Fierder yn ‘In akkoart sûnder muzyk’ in petear mei bassist Willem Nijenhuis en âld-direkteur fan it Frysk Orkest Henk Smink.

Snein 3, snein 10, snein 17 en snein 24 jannewaris tusken 11.00 en 13.00 oere op Omrop Fryslân Radio yn it programma Buro de Vries.

desimber 31, 2015 08:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.