Betinkingsnûmer fan Charlie Hebdo

desimber 31, 2015 07:55 Fernijd

It Frânske tydskrift Charlie Hebdo bringt yn de twadde wike fan jannewaris in betinkingsnûmer út. Op 7 jannewaris 2015 waard de redaksje oerfallen troch de twa islamityske terroristen Saïd en Chérif Kouachi. Hja fermoarden tolve minksen, wêrûnder acht redaksjeleden. De oanslach lokke wrâldwiid grutte lilkens op en in grut tal regearingslieders kaam nei Parys om mei te rinnen yn in solidariteitsmars. De gjalp Je suis Charlie waard op ‘e sosjale media wikenlang brûkt út protest tsjin de oanslach. Nei de oanslach op Charlie Hebdo folge in oanslach op in joadske winkel yn jannewaris. Yn novimber wiene der wer ferskate bluodderige oanslaggen troch moslimterroristen yn Parys.

It betinkingsnûmer hat 32 siden, twaris safolle as ornaris. Der steane neist nije bydragen ek tekenings yn fan de fermoarde redaksjeleden. It nûmer komt út yn in oplage fan in miljoen eksiplaren, likernôch trije kear safolle as oars. Foar de oanslach wie de oplage sa’n tritichtûzen stiks. Nei de oanslach binne de losse ferkeap en it tal abonnees earst hurd stige, mar letter wer sakke. It tydskrift hat fierder in grut tal donaasjes krigen. Fan dat jild hat de redaksje in grut part weijûn oan slachtoffers fan de oanslach en harren neibesteanden.

desimber 31, 2015 07:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.