Spantsjes ynstee fan mantsjes

desimber 30, 2015 18:59

Nederlânske fuotgongersstopljochten hawwe almeast in ienfâldich steand of rinnend popke, al binne der útsûnderingen, lykas it famke mei de frissel dat yn Amersfoort brûkt wurdt. Yn it easten fan Dútslân is it Ampelmännchen mei syn hoed in begryp en yn Eastenryk is it pearke yn opkomst.

Pearke? Ja, yn Eastenryk steane hieltyd faker twa popkes op in stopljocht. Under de pearen binne alle geslachtskombinaasjes: in mantsje en in froutsje, twa froutsjes en twa mantsjes. Wenen is dermei begûn. Dat wie yn maaie 2015, doe’t it Eurovisie-songfestival yn de stêd hâlden waard. Mei it ferskaat oan spantsjes woe it stedsbestjoer oproppe ta mear tolerânsje foar homoseksualiteit. Underwilens binne se in toeristelûker wurden en wurde se rûnom op sûveniers ôfbylde. Oare Eastenrykske stêden namen de pearkes oer en de Dútske stêden München, Frankfurt, Salzburch en Hamburch brûke se op guon plakken ek al.

Yn it Eastenrykske Linz ûntstie begjin desimber sels in politike rûzje oer de pearkes op in krusing. Ferkearswethâlder Markus Hein besleat se te ferwiderjen, nei’t syn foargonger se op fersyk fan in aksjegroep oanbringe litten hie. “Stopljochten binne ferkearstekens en se meie net misbrûkt wurde foar politike boadskippen”, sei Hein. Boargemaster Klaus Lüger wie it mei him ûniens en wie fan betinken dat Linz der troch de ferwidering raar op stean soe. Underwilens hat Linz in aksjegroep dy’t de pearkes weromhawwe wol.

desimber 30, 2015 18:59
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A.Kramer desimber 30, 19:47

    Meastentiids wurdt yn Dútsklân by ferkearsborden dy’t in foetpaad oantsjutte in frou mei in rok brûkt, mei in berntsje dernjonken.
    By it bord ferbean foar fuotgangers wurdt in mantsje allinne brûkt. Mar konsekwint is it allinne as dêr ek frou mei bern brûkt wurdt. Mar in ferbod is no ienris wat oars as in oanwizing of gebod. Froulju hawwe miskiens net oanstriid mei bern te rinne wêr dat net mei.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.