Wat is yntegrearjen eins?

desimber 21, 2015 17:51

No’t der mar gjin ein liket te kommen oan de stream minsken dy’t út har lân flechtsje omdat it dêr net feilich is of omdat der gjin takomst foar har en har bern is, leit it sa stadichoan fersliten wurd yntegraasje elk wer foaroan yn ’e mûle. Wy sille it hjir net ha oer it ûnderskied tusken minsken dy’t op ’e flecht binne foar oarloch en geweld en minsken dy’t hjir om ekonomyske reden hinne komme. As se hjir ien kear binne dan moatte se yntegrearje, binne de measten autochtoanen fan betinken.

Yntegraasje, flechtlingen en autochtoanen binne allegearre begripen mei mear as ien betsjutting. Want wa fan de saneamde autochtoanen hawwe gjin foarâlden dy’t fan bûten komme? Op twa plakken yn myn eigen stambeam komme Dútske foarâlden foar. Wy soene se no foar ekonomyske flechtlingen ferslite, wevers sûnder takomst yn Schüttorf. Hoelang moat ien hjir wenne hawwe om him autochoan neame te kinnen? En wat bedoele wy krekt mei yntegraasje? Hoe fier wolle wy dêrmei gean? By guon rjochtse partijen liket it der wol op dat yntegraasje ynhâldt dat elkenien wurde moat as harsels. Wa’t der frjemd by komt is allinne dêrtroch al fertocht. Dierlike ynstinkten komme nei boppen en it liket faak op in geitehok dêr’t in frjemde geit by set wurdt. De nijeling moat earst alle hoeken fan syn ferbliuw sjen en as net ien der wat oan docht, oerlibbet er it net.

Yn de diskusje oer opheinen fan flechtlingen wurdt meastal gjin ôfstân nommen fan de eigen situaasje. Wy slane inoar mei arguminten om ’e earen en nimme net de tiid om út ’e fierte wei dernei te sjen. Dêrom is it sa ferfrissend dat der yn de searje fan de Universiteit van Nederland in tal koarte kolleezjes fan prof. Lea Lucassen fan de universiteit fan Leien op it ynternet steane dêr’t yntegraasje wat mear yn histoarysk perspektyf set wurdt. De kolleezjes binne net heechdravend en duorje mar in kertier. Elkenien kin se begripe.

Yn ien fan dy kolleezjes jout Lucassen it foarbyld fan de Fries Jan Brouwer dy’t him mei syn Fryske frou yn 1888 nei wenjen set yn Amearika. Jan is migrant. Syn frou komt nei in pear jier te ferstjerren en hy wol dêrnei wer in frou ha. Hy siket dan net yn syn Amerikaanse omjouwing mar skriuwt brieven nei syn famylje yn Fryslân om foar him om te sjen nei in nije frou. En ja hear, in pear jier letter komt der in frou foar him út Fryslân. Jan wie lid fan syn eigen Nederlânske tsjerke, hie syn eigen Fryske ferieningen en socht syn freonen en goedkunde yn Fryske en byneed Hollânske fermiddens. Elkenien fûn dat doe fanselssprekkend. Dat fine wy no ek noch, sa’t it ek fansels sprekt dat alle migranten ûnderoan de maatskiplike ljedder begjinne moasten. Mei de nije allochtoanen sil dat ek faak it gefal wêze.

Oant hoed-de-dei binne de Amis hielendal op harsels. Har eigen seden en gewoanten binne it útgongspunt. Se moatte neat hawwe fan nijmoadrige saken en ferpleatse har noch mei hynder-en-wein. Dochs binne it Amerikanen wurden mar mei har eigen libbenstyl. O sokke aardige en freonlike minsken, mar wat hawwe se it earder dreech hân omdat se har net holden oan de Amearikaanse gewoanten.

Dy en soksoarte foarbylden hellet Lucassen oan yn syn ferhaal. It helpt jin om de saken wat te relativearjen yn stee fan maklike oardielen oer oaren te orakeljen. Miskien stekt der wol in krystgedachte yn. De kolleezjes binne te folgenjen op Youtube: http://www.universiteitvannederland.nl/college/45-wanneer-is-een-allochtoon-geintegreerd/

Jabik van der Bij

desimber 21, 2015 17:51
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. pyt april 25, 21:13

    De wichtichste faktor liket my, dat minsken mei de ‘autochtoane’ Nederlanners persoanlik kontakt hawwe kinne, prate kinne, help fan inoar hawwe kinne. Dat komt natuuerlik it bêste ta stân as minsken nei in begjinperioade mei wat taallessen tusken de befolking komme te wenjen, dus net yn aparte wiken foar allochtoanen.

  2. Eric novimber 19, 18:02

    Totaal misliedend, dy ferliking. Want Friezen en Amerikanen binne nau besibbe kultueren, mei deselde noarmen en wearden. Mar de lju dy’t út moslimlannen hjirhinne komme, hawwe tsjinoerstelde noarmen en wearden op in protte punten. Lucassen is in propagandist. Net alle kultueren binne kompatibel. At se tsjinoersteld binne, komt der spul fan. En dat sjogge dus ek.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.