Grinzer sikehûs kweekt flibeklieren foar ûndersyk nei syndroom fan Sjögren

desimber 21, 2015 17:00

It Grinzer sikehûs UMCG kriget fan it Reumafonds 240 tûzen euro om flibeklieren te kweken. Dy wurde brûkt foar ûndersyk nei it syndroom fan Sjögren. Lijers oan dy sykte hawwe lêst fan rimmetikigens, mar ek fan droege eagen en in droege mûle. Likernôch ien persint fan ‘e Nederlanners hat de sykte. De measten fan harren binne froulju.

Stamsellen

De flibeklieren ûntsteane út stamsellen. Dat binne sellen dy’t útgroeie kinne ta in grut ferskaat oan lichemssellen. It sikehûs kweekt twa soarten flibeklieren: guon fan sûne minsken en guon fan Sjögren-pasjinten. De ûndersikers wolle der sa efter komme wat der mis giet yn de flibeklieren fan ‘e pasjinten. In oare hypoteze is dat de sellen stoffen ôfskiede dy’t it lichem net as eigen beskôget, sadat it ôfwarmeganisme fan it lichem se oanfalt.

Autoymmúnsykte

It UMCG is spesjalisearre yn ‘e behanneling fan minsken mei it syndroom fan Sjögren. Soms hawwe hja baat by medisinen dy’t foar oare foarmen fan reuma brûkt wurde. De oarsaak fan typyske rimmetikige klachten, lykas pine yn hannen en fuotten, is nei alle gedachten deselde as dy fan it syndroom fan Sjögren: it lichem sjocht lichemseigen sellen oan foar sykteferwekkers en set syn ôfwarmeganisme dertsjin yn. Sokke sykten wurde ‘autoymmúnsykten’ neamd. Hoe’t sokke sykten ûntsteane is foar in grut part noch ûnbekend.

desimber 21, 2015 17:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.