‘Me huis’ is al ieuwenlang gewoan Nederlânsk

desimber 10, 2015 09:42

‘Me huis’ is al ieuwenlang gewoan Nederlânsk

Troch Henk Wolf

Mei in soad Europeeske talen is de ôfrûne fjouwerhûndert jier wat nuvers gebeurd. Se binne opsplist yn twa talen. Dy lykje in soad opinoar, se diele de measte wurden en grammatikale regels, mar se binne net identyk. De sprekkers behearskje de iene soms better as de oare. De iene ‘dieltaal’ wurdt praat en de oare wurdt skreaun.

It oersetten fan ‘e sprektaal yn ‘e skriuwtaal of omkeard giet faak ûnbewust. As in echtpear bygelyks in feestje jaan wol en it krijt fan de winkelman de ferkearde koekjes tastjoerd, dan kin him it folgjende petear foardwaan:
Frou: “Ik mail de winkel wel even. Wat zal ik schrijven?”
Man: “Nou ja, De Vries heeft ons de verkeerde koekies toegestuurd.”
Frou typt: “De heer De Vries heeft ons de verkeerde koekjes toegezonden.”

Einde van de standaardtaal

De sprektaal is fan in protte minsken de memmetaal en de skriuwtaal wurdt mei in soad muoite letter op skoalle leard. Wa’t in taal goed behearsket, kin goed mei it ferskil tusken dy twa ‘dieltalen’ út ‘e fuotten. ‘Registers’, wurde se yn ‘e taalkunde meastal neamd. Sa’n ien wit de ferskillen, brûkt de regels fan ‘e sprektaal net yn ‘e skriuwtaal en oarsom om en kin flot fan it iene yn it oare register oersette, lykas de frou yn it foarbyldsje hjirboppe.

No is der in tendins om de skriuwtaal net mear sa goed te learen. Typyske wurden en regels fan de skriuwtaal wurde stadichoan fergetten of negeard en wurden en regels út de sprektaal siperje de skriuwtaal yn. Dat haw ik net sels betocht, it is in konstatearring fan nearlandikus Joop van der Horst, dy’t dêr yn 2008 it boek Het einde van de standaardtaal oer skreaun hat. It is net in typysk Nederlânsk ferskynsel, it docht him rûnom yn Europa foar.

It stomste Nederlânske wurd fan 1615

In pear dagen lyn is by in ferkiezing fan it INL (Instituut voor Nederlandse Lexicologie) it wurdsje ‘me’ as stomste Nederlânske wurd fan 2015 út ‘e bus kaam. It giet om it besitlik foarnamwurd ‘me’, bygelyks yn ‘dat is me huis’. Dat is in nuvere kar, want dat besitlik foarnamwurd bestiet al hûnderten jierren en ik wol leauwe dat der amper in memmetaalprater fan it Nederlânsk te finen is dy’t it net brûkt. It soe earder in kandidaat wêze foar it ‘stomste Nederlânske wurd fan 1615’ as foar dat fan 2015. Allinne kaam it in pear hûndert jier allinne yn de sprektaal foar, it waard keunstmjittich bûten de skriuwtaal holden.

Yn ‘e 17e ieu skreaunen grutte skriuwers lykas Pieter Cornelisz Hooft en Samuel Coster al ‘me gat’ (‘myn gat’), ‘me neeve’ (myn neef) en ‘me zanggodin’ (‘myn sjonggoadinne’). Net heel faak, it ferskil tusken sprektaal en skriuwtaal bestie by har ek al, mar se dienen it wol. Doe namen skriuwers op grutte skaal de regel oer dat it besitlik foarnamwurd ‘me’ net skreaun wurde mocht en neikommende generaasjes holden in pear ieuwen oan dy regel fêst. No ja, selektyf dan, want yn ‘mevrouw’ en ‘mejuffrouw’ wie ‘me’ op skrift wol wer akseptabel.

Noait wer hearre

Minsken dy’t skriuwe dat ‘me’ gjin besitlik foarnamwurd is, dy ha simpelwei ûngelyk. Dy minsken brûke sels as se prate ek ‘me huis’. Wat dy minsken steurt, mar wat se nei alle gedachten net goed ûnder wurden bringe kinne, is dat jonge minsken de regels fan ‘e skriuwtaal net mear sa fanselssprekkend oanleare. Dy jongelju skriuwe mear sa’t se prate: de keunstmjittige skieding dy’t yn ‘e 17e ieu oanbrocht is, falt fuort en de twa ‘dieltalen’ fan it Nederlânsk rane in bytsje gear. It is dan ek wat nuver dat it INL op syn website oer ‘me’ skriuwt: ‘Dit woord wil jij nooit meer horen’. It giet ommers helendal net om it hearren fan ‘me huis’, dêr stroffelje minsken al ieuwen net mear oer, as se dat überhaupt oait al dien ha.

Untagonklike literatuer

Dat jonge minsken blykber sa’n bytsje formele Nederlânske teksten lêze dat se har it skriftlike register fan it Nederlânsk net goed eigen meitsje, dat fyn ik spitich, mar dan foaral omdat se dêrtroch in soad teksten net mear goed begripe of yn alle gefallen de styleffekten net mear goed oanfiele. Ridlik resinte literatuer wurdt foar har al gau ûntagonklik. Myn studinten fine teksten út de jierren 70 faak al stokâld en ûnlêsber en as se it lêzen derfan om dy reden oerjouwe, dan liedt dat ta kulturele earmoed. Oft dat te kearen is, wit ik net, mar ik pleitsje derfoar om it te besykjen, bygelyks mei goed literatuerûnderwiis, krantlêze yn ‘e klas, it meitsjen fan stylanalyzes en it oefenjen mei oersetten tusken registers fan in taal.

Tagelyk haw ik der gjin probleem mei as de skriuwtaal mearfoarmiger wurdt, mear sprektaal opnimt, minder keunstmjittich fan ‘e skriuwtaal skieden wurdt. By my is it allinne mar moai as wy oer in skoft ek op skrift kieze kinne tusken ‘me huis’, ‘m’n huis’ en ‘mijn huis’.

desimber 10, 2015 09:42
Skriuw in reaksje

4 opmerkingen

  1. Rob desimber 12, 11:38

    Itselde jildt foar “hen/hun”. Op skrift sjocht “hun” der gauris net út maar as ien it yn in ynformeel petear brûkt klinkt it net natuerlik. Fierstene Flaamsk of offisjeel.

  2. Goaitsen desimber 17, 01:34

    Treflik stik. Sa sil aanst ik ‘we make der wat van’ en (krek as yn it Ingels) ‘de huis’ skreaun wurde. Skriuwtaal folget sprektaal, hat ek noait oars west. En talen sykje de noflikste wei: ienfâldiger of oars.

  3. Diûwerd desimber 17, 21:52

    No wy it der dochs net oer hawwe… Yn it Frysk hawwe wy inkelde wurden dyt yn it Hollânsk hast gelyk binne, mar in oar lidwurd hawwe. Bygelyks: de bosk/het bos; de mar/het meer; it fabryk/de fabriek. Yn alde plaknammen earne yn Nederlân bûten Fryslân sjogge je dam: Den Bosch, De Biesbos en by Amsterdam: De Meer (polder) en De nieuwe meer (plasse yn it sûden fan de haadstêd. Hawwe eartiids Hollânske bosken, marren en wa wit wat mear noch, ek ‘de’ derfoar hân. Wannear is dat feroare en hoe komt dat dan sa ynienen?

  4. Redaksje desimber 18, 19:20

    Achte Diûwerd,

    Jo fraach wurdt beandere yn dizze opinybydrage:
    https://www.itnijs.frl/2015/12/werom-de-en-it/

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.