Mooglik oanlis fan nije wiken foar Iersktaligen

desimber 7, 2015 17:14

Der moatte nije doarpen en wiken komme, spesjaal foar Iersktaligen. Dat seit de heechlearaar Keltyske talen Conchúr Ó Giollagáin. Neffens him binne der gjin oare mooglikheden om it Iersk yn libben te hâlden. Want de taal is oan it útstjerren, sa warskôget er. 

Ó Giollagáin is net mear de iennichste dy’t opropt ta in bewuste befolkingspolityk om it Iersk te rêden. Taalkundige Brian Ó Curnáin falt him by. Ó Curnáin docht al fyftjin jier ûndersyk nei it Iersk yn de Gaeltacht, de offisjeel Iersktalige gebieten yn Ierlân, en hat it Iersk yn dy tiid efterútbuorkjen sjoen. Hy is fan betinken dat der no safolle mooglik ûndersyk nei it Iersk dien wurde moat, om’t de taal oer in pear generaasjes ferdwûn is.

Minder as 1 persint
It Iersk of Gaelic is de oarspronklike taal fan Ierlân en formeel is it de earste offisjele taal, mar yn ‘e praktyk funksjonearret it as minderheidstaal. It wurdt op alle skoallen ûnderwiisd, mar de measte Ieren behearskje it net goed. Minder as 1 persint fan ‘e Ieren is memmetaalprater fan it Iersk. Sa’n 40 persint fan ‘e Ieren kin de taal in bytsje oant goed prate.

Ó Curnáin seit dat wittenskippers, de media en de polityk de wierheid skouderje, wylst dy dúdlik genôch is. “Der is in hiele rige heechweardich ûndersyk dat sjen lit dat de taal yn de Gaeltacht oan it útstjerren is”, sa seit er.

“Deafetsoenearje”
De 57-jierrige hofker Pádraig Ó Fathaigh is de jongste Ierskprater yn it doarp Mionlach/Menlo. It doarp makket diel út fan ‘e Gaeltacht en wie yn Ó Fathaigh syn jeugd noch hast folslein Iersktalich. No fungearret it Iersk der net ienris mear as fiertaal. “De Gaeltacht dêr’t ik grut wurden bin, leit op stjerren”, seit er. Dat komt neffens him “trochdat de steat te min docht foar it Iersk, trochdat de minsken nei de stêden ferhúzje en trochdat it dominante Ingelsk oeral opdûkt.” Ó Fathaigh steurt him oan it idee dat it ‘fetsoenlik’ wêze soe om tsjin Ingelsktaligen Ingelsk te praten. Hy seit: “Ik ha ris in man sizzen heard dat, as wy te fetsoenlik binne om Iersk te praten, dat wy de taal dan deafetsoenearje. Dat bin ik, leau ik, wol mei him iens.”

Iersktalige wyk
De politike partij Sinn Féin hat belangstelling foar de útstellen fan de taalkundigen en lit ûndersykje oft it mooglik is om in wyk yn ‘e stêd Galway te reservearjen foar Iersktalige húshâldings. Neffens Cathal Ó Conchúir, gemeenteriedslid foar Sinn Féin yn Galway, komt in part fan de wyk Knocknacarra mooglik yn ‘e beneaming om as Iersktalich gebiet oanwiisd te wurden.

Foto: Wikipedia (CC)

desimber 7, 2015 17:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.