Man ûnthalze by terreuroanslach yn metro Londen

desimber 6, 2015 01:40

In man hat yn ‘e metro fan Londen ferskate minsken oanfallen mei in kapmes. Ien fan harren hat er de kiel trochsnien. It slachtoffer libbet noch, mar is der tige slim oan ta. Twa oaren hawwe stekwûnen oprûn. Neffens tsjûgen rôp de man by syn oanfal: “Dit is foar Syrië. Jimme bloed sil floeie!” De Ingelske plysje beskôget de oanfal as in terroristyske oanslach.

De man foel sneontejûn om likernôch sân oere pleatslike tiid samar in tal reizgers oan by de yngong fan metrostasjon Leytonstone. Nei ôfrin wie de flier read fan it bloed. De plysje hat de terrorist mei in taser tsjin ‘e grûn wurke. Hy is fêstnommen. It metroferkear is stillein.

desimber 6, 2015 01:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.