Suns: grut festival foar Europeeske minderheidstalen

desimber 1, 2015 09:24

Italië stiet sûnt woansdei yn it teken fan minderheidstalen. It festival Suns Europe is bedoeld om in grut publyk yn ‘e kunde komme te litten mei films, boeken, toanielstikken en muzyk yn lytse Europeeske talen.

It wurd suns betsjut ‘lûden’ yn it Friûlysk, ien fan ‘e minderheidstalen fan Italië. It Friûlysk wurdt praat yn de regio Friûlië, yn it uterste noardeasten fan it lân. Yn deselde streek wurdt ek Sloveensk praat. Friûlië is ien fan ‘e twa regio’s dêr’t Suns Europe organisearre wurdt. De oare regio is it eilân Sardinië, dêr’t it Sardijnsk praat wurdt.

It festival duorret oant en mei 12 desimber. Foar besikers binne der films te sjen yn de talen Grienlânsk, Oksitaansk, Katalaansk, Galisysk, Bretonsk en Baskysk. Ofrûne wike koenen de besikers har ek fermeitsje mei it Welshtalige Y Syrcas, dat in jier lyn it Minority Film Festival yn it Noardfryske Hüsem wûn hat.

Sneon wie der in muzikale wedstryd foar bands út Súdeast-Europa. Dat Suns is te ferlykjen mei it Fryske festival Liet. De winners wiene de Friûlyske sjonger Loris Vescovo en it Retoromaanske duo Me+Marie. Sy dogge op 11 desimber mei oan Suns Europe yn it Friûlyske Udine, ynspirearre op Liet International. Dêr docht ek it Fryske duo Marit  & Nigel oan mei, de winners fan Liet fan dit jier

Dat is net it iennichste Fryske tintsje oan it festival. Onno Falkena út Ljouwert, ûnder oaren bekend as ien fan ‘e organisators fan Liet en Liet International en as sjuerylid fan it Noard-Dútske Plattsounds, is as adviseur by de organisaasje behelle. Hy is ek sjuerylid by it sjongfestival Suns op Sardinië.

Mear ynformaasje: http://www.sunscontest.com/

desimber 1, 2015 09:24
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.