Yn sokke huzen wennen ús foarâlden

novimber 7, 2015 16:01

Jo kinne no sjen hoe’t midsieuske Friezen wennen. Yn it Yeb Hettinga Museum yn Furdgum is in terpwente neiboud, sa’t dy derútseagen fan ’e fyfde oant begjin achtste ieu. It hûs is basearre op wiidweidich argeologysk ûndersyk fan Daniël Postma fan ’e Ryksuniversiteit Grins.

Freed is de wente iepensteld foar publyk. It ‘seaddehûs’ is 17 meter lang en hat muorren fan hast in meter tsjok, makke fan opsteapele seadden. De wente ferfangt in eardere rekonstruksje, dy’t yn 2013 ynstoart is. Hy is boud troch in grut tal frijwilligers. Undersiker Postma hat freed ek in boek oer it hûs presintearre: Het zodenhuis van Firdgum: middeleeuwse boerderijbouw in het Friese kustgebied tussen 400 en 1300. Yn it boek beskriuwt er hoe’t seaddehuzen ûntwurpen en boud waarden.

De foto hjirnêst jout in byld fan de wente op in terp.

novimber 7, 2015 16:01
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.