Seks is better foar it brein as in krúswurdpuzel

novimber 12, 2015 09:10 Fernijd

Stel: jo hawwe de kar tusken in joetspartij tusken de lekkens en it oplossen fan in sudokupuzel. Wat kieze jo dan as der jo in soad oan gelegen is en hâld it brein sûn? Just! De earste opsje. Seks is nammentlik tige goed foar it brein.

Der wurde hieltiten mear saken bekend dy’t it minskebrein goed dogge. It brûken fan twa talen is dêr ien fan, lykas puzeljen en it dwaan fan kompjûterspultsjes. Seks – of better sein: it orgasme – komt der no by yn it rychje. Dat seit alteast Barry Komisaruk, heechlearaar genêskunde oan ‘e Amerikaanske Rutgers-universiteit yn Newark. Komisaruk docht al sûnt de jierren 60 ûndersyk nei orgasmes. Yn it begjin fan syn karriêre die er foaral ûndersyk by rotten, sûnt de jierren 80 benammen by minskefroulju.

Ferslavings genêze
Neffens Komisaruk is in orgasme in trening foar it folsleine brein. Boppedat soe seksueel geniet pine ferminderje kinne, mankelikens oerbetterje litte, eangst ûnderdrukke en ferslavings genêze. Dêrom hopet Komisaruk te ûntdekken hoe’t it brein in orgasme makket, sadat der medisinen ûntwikkele wurde kinne dy’t in orgasme oproppe. Mei in medysk doel, fansels.

“By in orgasme streamt der mear bloed ta it brein yn”, seit Komisaruk yn The Times. “Dat makket dat alle fiedingsstoffen en soerstof nei it brein ta streame. Boppedat berikt in orgasme it folsleine brein. By mentale oefenings, lykas krúswurdpuzels en sudodu’s, nimt de aktiviteit allinne mar yn beskate dielen fan it brein ta.”

 

novimber 12, 2015 09:10 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Sybren novimber 12, 16:07

    Dan is twattalige seks wol in intellektueel hichtepunt dus!

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.