Omrop Súdwest anty-Frysk?

novimber 5, 2015 21:22

Nei de weryndieling yn ’e súdwesthoeke binne de eardere lokale omroppen fusearre. Der is in nije lokale omrop foar yn it plak kommen ûnder de namme Omroep Súdwest. Dy omrop falt as er oan in tal betingsten foldocht ûnder de mediawet en dat betsjut dat er jild fan de gemeente krije kin om de basiskosten te beteljen. De measte lokale stjoerders wurde fierder yn ’e loft holden troch frijwilligers.

It wichtichste ynstrumint fan in omrop is njonken byld de taal. Op dat mêd giet neffens my in protte mis by de súdwestlike omrop. Yn de regio dêr’t dy foar ornearre is wurde trije talen sprutsen: Frysk, Snitsers en Hollânsk. Hoe’t de ferhâlding fan it tal brûkers krekt is docht der no eefkes net ta. Yn de lytse súdwesthoeke soargen Jan Geart Vogelsang en Romke Kroondyk wol dat der by de eardere lokale stjoerders foldwaande Frysk yn de programma’s siet. Dat is no wol folslein oars. Ik ha der noch net in wurd Frysk of Snitsers op heard, mar dat soe oan my lizze kinne. Opfallend is dat minsken dy’t ik as Fryskpraters ken har daliks ferbrekke as se in mikrofoan fan dizze omrop ûnder de noas krije. Skûtsjeskippers, Frysktalige riedsleden en lju dêr’t je sa dúdlik oan hearre kinne dat se wend binne om Frysk te praten, stappe oer op in soarte Hollânsk. Wurdt der wol tsjin harren sein dat se har eigen taal brûke kinne? Ik haw sterk de yndruk dat Frysk en Snitsers net bot op priis steld wurde troch de omroppers. Yn it businessplan wurdt net in wurd smoarch makke oer de taal. Dat soene jo op syn minst ferwachtsje yn sa’n meartallich gebiet. Der stiet ommers yn de mediawet dat de programma’s passe moatte yn de lokale situaasje.

My tinkt dat hjir in taak leit foar it PBO (programma bepalend orgaan). Hja hawwe it lêste wurd as it giet oer it programmabelied. Njonken it stiftingsbestjoer hat eltse omrop sa’n orgaan dêr’t minsken yn sitte dy’t ôffurdige binne út de lokale ferieningen. Wa’t dat krekt binne wurde jo net gewaar op de thússide fan de omrop en ek net hoe’t dy dêr yn kommen binne. Mar gemeentebestjoer en -ried soene der ek wat oan dwaan kinne, sadat it taalgebrûk in bettere ôfspegeling wurdt fan de taalsituaasje yn ’e súdwesthoeke. De gemeente betellet de basiskosten. Hollanners witte dat sa kreas te sizzen: “Wie betaalt bepaalt”. It gemeentebestjoer hat by de fúzje in stevige belofte dien. Der is mei in protte poeha in konvenant tekene. De minister, de kommissaris fan de kening en de boargemaster kamen derfoar opdraven. Om der noch marris in siswize tsjinoan te smiten: Belofte maakt schuld. De lokale omrop is in plak dêr’t goede foarnimmens foar it Frysk oer wiermakke wurde kinne. De bal leit by de ried om derop ta te sjen dat it Frysk en it Snitsers har gerak krije.

Jabik van der Bij

novimber 5, 2015 21:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.