Njonken Wykblêd It Nijs no ek Deiblêd It Nijs

novimber 22, 2015 21:00

Om’t op de dei dat de eardere nijsbrief ferskynde, ienris yn de fjirtjin dagen, altyd de measte besikers op de webside fan It Nijs kamen, is de redaksje begjin dit jier úteinset mei in wyklikse seleksje fan artikels oer de mail: Wykblêd It Nijs. Meidat ûntfangers harren (ûnderoan it nijsbrief) maklik ôfmelde kinne, ferstjoere we dy sûnt dizze simmer nei ús hiele efterban.

Logo-ItNijsAlhoewol’t nije berjochten ek altyd fuortendaliks fia Twitter en Facebook ferspraat wurde en sûnt koart boppedat op startside.frl ferskine, sjogge we noch hieltyd in pyk op de ferstjoerdei fan it Wykblêd en it mist hast nea dat de artikels dy’t dêryn opnaam binne op dat stuit fierwei it measte lêzen wurde. Is de redaksje sa tûk yn it selektearjen fan stikken dy’t fier útkypje boppe de oare publikaasjes? Om’t it altyd dreech is om in kar te meitsjen út it neffens ús meastentiids nijsgjirrige oanbod liket dat net botte oannimlik. It sil der earder mei te krijen ha dat in protte minsken it noflik fine om in artikeloersjoch yn de eigen mailboks te krijen. Party abonnee’s fan It Wykblêd binne net sokke trochklikkers nei oare berjochten (dêr’t de titels fan om de artikels hinne stean) en de measten fan harren komme pas in wike letter, mei de folgjende jefte fan Wykblêd It Nijs, wer ris del op de webside. Wy ha noed dat dy lêzers sadwaande al in protte nijs en opiny yn de memmetaal misse dat hja oars wol nijsgjirrich fine soene. Want wy fan It Nijs binne ommers algeduerigen warber. Dêrtroch kamen we op it idee alle dagen in nijsbrief te stjoeren.

Deiblêd It Nijs ferskynt no elts etmiel oan de ein fan de middei mei alle publikaasjes op ItNijs.frl fan de 24 oeren dêrfoar. Sa’n frekwinsje is te heech om samar elkenien mei oer it mad te kommen, dat wa’t Deiblêd It Nijs tenei yn syn mailboks krije wol, moat him/har der apart foar opjaan. In ienfâldich oanmeldingsformulierke foar sawol Deiblêd as Wykblêd It Nijs is hjir te finen.

De redaksje

novimber 22, 2015 21:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.