Mysterieuze ‘hjitteflekken’ ûntdutsen op Egyptyske piramides

novimber 11, 2015 07:57

Wittenskippers hawwe mei help fan hjittegefoelige kamera’s mysterieuze waarme plakken ûntdutsen op in stikmannich piramides yn Egypte. De kamera’s detektearren opfallend hege temperatueren op in tal neistinoar lizzende stiennen oan de ûnderkant fan de piramide fan Cheops. Op in tal deromhinne lizzende piramides waarden ek ‘hjitteflekken’ fûn. De waarmte wurdt mooglik feroarsake troch luchtstreamen yn de piramides, lege keamers of bysûndere boumaterialen. Dat meldt AP op basis fan in ferklearring fan it Egyptyske Ministearje fan Aldheden.

In ynternasjonaal tiim fan wittenskippers mei de namme Scanpyramids makke de opnamen mei hjittegefoelige kamera’s. De hjittescans binne ûnderdiel fan in ûndersyk nei mooglike ferburgen keamers yn Egyptyske piramides. Net allinnich de piramide fan Cheops wurdt ûndersocht, de tichtby lizzende piramides fan Chefren en Mykerinos yn de fallei fan Gizeh ek .

Fernuvering
Neffens in ferklearring fan it Ministearje fan Aldheden kinne de waarme plakken op de stiennen op ferskate wizen útlein wurde. “De ôfwikingen soene wize kinne op lege romten efter de stiennen, mar ek op luchtstreamingen yn de piramides.” Foaral de hjittepatroanen op de ûnderkant fan de piramide fan Cheops binne neffens it ministearje nijsgjirrich. Minister fan Aldheden Mamdouh Al-Damati koe syn fernuvering neffens BBC net ûnderdrukke by it sjen fan de ûndersyksresultaten. “De stiennen op de ûnderste rige binne op it earste gesicht allegear itselde, en no docht bliken dat der dochs in ferskil wêze moat.”

It ûndersyk nei de mooglike oanwêzigens fan geheime keamers yn de Egyptyske piramides is nei alle gedachten pas ein 2016 klear.

novimber 11, 2015 07:57
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.