De man dy’t omke fan syn eigen bern is

novimber 7, 2015 14:14

It is gjin grap en ek gjin oanset ta in flau riedsel: in Amerikaanske man blykt troch in biologysk wûnder de omke fan syn eigen soan te wêzen. Wittenskippers hawwe no ûntdutsen hoe’t dat kin.

Yn juny 2014 krige in Amerikaansk echtpear in soan. By in standertbloedtest die bliken dat it jonkje bloedgroep AB hie, wylst syn heit en mem beide bloedgroep A hiene. Biologysk sjoen is dat net mooglik. Om’t it jonkje oanset wie mei reagearbuisbefruchting die it pear in test dy’t sjen litte moast oft de man fan it pear wol de biologyske heit wie. Dat bliek er net te wêzen. Wie it sied fan de man mei dat fan in oare man ferwiksele? Dat hie dan de man syn broer wêze moatten, want neffens in twadde dna-test wie de man fan it echtpear de biologyske omke fan it bern.

Gearranen fan twa wêzens
Dy twadde test wie útfierd troch de ferneamde genetikus Barry Starr fan ‘e Stanford-universiteit. Nei fierder ûndersyk kaam dy mei in ferklearring dy’t hast net te leauwen is: gimerisme. In gimear is in plant of in bist dat yn ‘e betide ûntwikkeling ûntstien is troch it gearranen fan twa wêzens. It ferskynsels is neamd nei chimaira’s, wêzens út ‘e Grykske mytology mei eigenskippen fan ferskate bisten, bygelyks in geit mei in hûnekop en in slangesturt.

Twillingbroer
De Amerikaanske man hie twa soarten sellen yn syn lichem. Neffens Starr is er yn ‘e limoer fan syn mem nei alle gedachten ûntstien út twa net-identike twillingbruorkes. Ien hat him net fier ûntwikkele en is opnaam yn it weefsel fan ‘e oare. Dêrtroch hawwe 90% fan de lichemssellen fan ‘e man it dna fan it iene embryo, wylst 10% dy fan it oare embryo hawwe. Tafallich is de siedsel dêr’t syn eigen soan út ûntstien is oanmakke troch de 10% sellen dy’t fan syn twillingbroer komme. De biologyske heit fan it berntsje is dan ek in embryo dat nea útgroeid is ta in minske en dat allinne fierder bestiet as diel fan syn broer. De Amerikaanske man is dêrtroch eins de omke fan syn eigen bern.

Lydia Fairchild
Gimerisme komt ûnder planten faak foar, mar is ûnder dieren tige seldsum. Der binne in pear minsklike gefallen bekend. De bekendste minsklike gimear is de Amerikaanske Lydia Fairchild. Hja bliek yn 2002 net de biologyske mem fan har eigen bern te wêzen. Om’t se by de oanfraach fan in útkearing opjûn hie dat se bern hie, waard se earst oanklage foar fraude. Letter die bliken dat har bern ek dna hiene fan in ûnfolgroeid twillingsuske en krige se har útkearing dochs noch.

novimber 7, 2015 14:14
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jaja febrewaris 5, 14:15

    Dieren = bisten

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.