“Adam en Eva mut krabben en knooien”

novimber 12, 2015 01:41

It wie in poepetoer, mar nei sân drege jierren is de skepping foltôge: de Drintske oersetting fan it bibelboek Genesis leit yn ‘e winkel. De oersetting wie in mandeprojekt fan streektaalorganisaasje Huus van de Taol yn Beilen en tsien frijwillige oersetters. 

De oersetters hawwe besocht om it Drintsk sa begryplik mooglik te hâlden. Oersetster Jennie Lambers seit: “Als ik bijvoorbeeld lees over Adam en Eva die ‘mut krabben en knooien um an eten te kommen’ komt dat veel dichter bij de mensen. Dat zijn uitdrukkingen die mensen kennen van vroeger. Het was hier ook altijd hard werken.”

Earst wiene de oersetters fan doel en set it Nije Testamint yn it Drintsk oer, mar de besteande Drintske oersetting fan Max Douwes foldie harren sa goed dat se gjin mearwearde seagen yn in nije oersetting. Doe binne se oerstapt op it Alde Testamint. De tekst is in nije oersetting fan de oarspronklike Hebrieuske tekst. De boeken Jesaja en Profeten wiene al oerset, Genesis komt dêr no by. Sa ûntstiet stadichoan in folsleine Drintske Bibel.

Op snein 15 novimber wurdt de oersetting presintearre by in Drintsktalige tsjerketsjinst yn Smilde. Dy begjint de moarns om tsien oere en wurdt live útstjoerd op Radio Drenthe.

It Drintsk makket diel út fan it Nedersaksysk, in grutte samling fan besibbe streektalen dy’t yn East-Nederlân en Noard-Dútslân praat wurde. Yn beide lannen hat it Nedersaksysk in wetlik beskerme status as streektaal.

novimber 12, 2015 01:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Skriuw in reaksje

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.