Underwiis foar de takomst

oktober 1, 2015 15:14

Op 1 oktober kaam it Platform Onderwijs 2032 mei in tuskenrapportaazje oer hoe’t it ûnderwiis fan no him klear meitsje moat foar de mienskip fan 2032. Dat is gjin maklike opjefte. Twa desennia foarút sjen om te witten wat dan fan minsken frege wurdt oan kennis en kunde is hast net mooglik. Dochs is it in goede saak dat skoallen yn dialooch mei de mienskip har dêrop beriede. Sokke refleksjes kinne de skoallen net sûnder as se har taak earnstich nimme. Neitinke en prate oer ûnderwiisdoelen is fan alle tiden. By de Griken die Socrates dat al en letter de ferneamde Augustinus. Benammen yn de foarige iuw binne der biblioteken folskreaun oer wêr’t it ûnderwiis foar opliede (-fiede) moat. De ûnderfining leart tagelyk dat in protte minsken yn it ûnderwiis net altyd waarm te krijen binne foar diskusjes oer de doelstellingen. Nammerstemear fertsjinnet it boppeneamde platfoarm alle kânsen.

In sterk punt yn de opset is dat se in soarte fan brede maatskiplike diskusje op gong bringe wolle. Neidat se in globale opset op har thússide www.onsonderwijs.nl jûn ha, wolle se graach dat safolle mooglik minsken har miening jouwe. Dat is goed om elkenien derby te belûken. Lju dy’t oan no ta klage ha oer it ûnderwiis kinne no har aai kwyt. Underwiis en mienskip hearre byinoar as in ienaaïge twilling. Se beynfloedzje inoar oer en wer. Dochs is it dan ek oppassen. It gefaar sit deryn dat ien komponint fan it libben oerhearskjend wurdt. It jihadisme is wol in hiel ekstreem foarbyld fan hoe’t it net moat, mar tichter by kin it ek net sa wêze dat allinne it bedriuwslibben it programma bepaalt. In falkûle is dat de skoallen har allinne mar rjochtsje op wat der frege wurdt yn ien sektor. It libben is breder as jildfertsjinje. Dêrom docht it goed dat de kommisje net allinne praat oer basiskennis en -feardichheden mar it ek hat oer persoanlike foarming. Saken dy’t net fuort yn jild om te setten binne, binne op syn minst sa belangryk. It is te hoopjen dat dat in omslach bewurkmasteret fan in tiidrek dêr’t it hast útslutend gie oer de toetsen fan taal en rekkenjen – útsein spitigernôch it Frysk – yn in tiid dat de saneamde muzyske fakken der wer ta dogge. Dy hongen der de lêste tiid mar wat by. Dêr waarden je ommers net op ‘ôfrekkene’ troch de ynspeksje.

Yn de earste oanset falt fierder op dat der in hiel protte punten út de eardere reformpedagogyk oernommen binne. As it giet oer it funksjonearjen as boarger yn de mienskip, dan soe ik de redaksje nochris wize wolle op John Dewey, dy’t hûndert jier lyn dêr al prachtige dingen oer sein en yn praktyk brocht hat. Op in oar plak komt my al lêzend Jan Ligthart yn it sin en in protte liket by Peter Petersen fan it Jenaplanmodel te kommen. Dy woe ek leare út ‘it folle libben’ wei. De fyzje fan de kommisje oer fakoerstygjend ûnderwiis hat ek al in folle langere skiednis. Fyftich jier lyn waard der wakker eksperimentearre mei wrâldoriïntaasje. Dat woe mar min fan ’e grûn komme, omdat fakdosinten har eigen fak yn gefaar kommen seagen. Dat dat no wer op de aginda komt is in goede saak. Miskien kin de skiednis helpe by it tinken dêroer. Sa binne der hiel wat mear ankers út de resinte skiednis fan de ûnderwiisfernijing te finen. It is te winskjen dat de diskusje him net beheint ta de intellektuele foarming, al hoe wichtich dy ek is. In minske is mear as syn harsens. Hjir lizze nije kânsen, ek foar it ûnderwiis yn Fryslân. De kommisje seit sels dat er net stribbet nei in ienheidswoarst. Oant no ta wie it tinken oer ûnderwiisprogramma’s sintralistysk, mei as gefolch dat de eigen taal, skiednis en natuer fan Fryslân hjir amper omtinken krige hat. Wy ha gjin Provinsjale Underwiisried mear. Wa nimt it op him om dêr yn Fryslân de diskusje oer oan te poenen? Komt der hjir in inisjatyf fan de Provinsje om eigen taal, lân en kultuer in yntegraal plak te jaan yn de ferskate programma’s?

Jabik van der Bij

oktober 1, 2015 15:14
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.