Startside.frl: de poarte nei Frysktalige websiden

oktober 28, 2015 07:54

Ut soarte binne minderheidstalen minder oanwêzich yn de maatskippij as grutte talen. Yn it thúsgebiet fan in streektaal kin dat fansels oars wêze. Sa binne der in protte doarpen yn Fryslân dêr’t it Frysk it foarnaamste kommunikaasjemiddel is. Mar op it wrâldwide web is it fakentiden in toer om in lytse taal werom te finen. Benammen ek om’t minsken op sykmasines gauris automatysk wurden yn de mearderheidstaal brûke.

Yn it gefal fan it Frysk is der oars in moai oanbod oan nijsgjirrige websiden, dêrûnder guon dy’t deistich aktualisearre wurde. De Ried fan de Fryske Beweging komt op foar de Fryske taal, rûnom yn de provinsje, mar likegoed op it ynternet. Mei it by de tiid bringen fan de hiemside fan de Ried hat webside-ûntwerper Jan Huisman dêrom in portaal ynrjochte dat in oersjoch fan de foarnaamste Frysktalige websiden jout. Fan siden dy’t de ynhâld geregeld fernije, ferskine boppedat skeakels nei de lêste publikaasjes. Allyksa wurde trochkeppelings nei aktuele artikels op de mêden dêr’t de Ried him mei dwaande hâldt, lykas Fryske taal en kultuer, opnaam.

Startside.frl

Mei it yn de etalaazje setten fan de Frysktalige websiden hopet de Ried fan de Fryske Beweging der oan by te dragen dat it Frysk hieltyd mear lêzen wurdt. Neffens de Ried is dat wichtich foar de Friezen om harren taal te ûnderhâlden, om’t dy oars ûnwillekeurich fernederlânsket. Sa prate bygelyks in protte Friezen ûnder ynfloed fan Nederlânske media oer de ‘weigeramtenaar’ wylst sûnt in pear jier, tanksij de Frysktalige nijsside ItNijs.frl (dy’t de Ried mooglik makket) en in ferkiezing fan it moaiste nijswurd yn 2012, ‘ferpofamtner’ ek húsriem waard.

Troch de nije funkjonaliteiten is de side fan de Ried no tige gaadlik om it ynternetsjen mei út ein te setten en dêrom as iepeningsside op de kompjûter yn te stellen. Sadwaande hat de Ried it adres startside.frl taheakke oan de side, dy’t ek gewoan ûnder fryskebeweging.frl (en sels noch fryskebeweging.nl) te finen is.

Sjogge jo flaters op de krekt fernijde side of stiet jo favorite webside (betingst is dat dy yn haadsaak Frysktalich wêze moat) der noch net by? Jou it troch fia ynfo@fryskebeweging.frl.

oktober 28, 2015 07:54
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.