Skiednis fan wynmûnen op de Oäde Pôlle beskreaun

oktober 16, 2015 14:31

AMELANDBOEK1Sneon 17 oktober wurdt mei de Hollumer Mûnedei op nôt- en mosterdmûne ‘De Verwachting’ it nije boek Windscheppen op Ameland oer mûnen en mûnders op d’Oäde Pôlle presintearre. De skriuwers Douwe de Boer en Warner B. Banga binne derby om tekst en útlis te jaan en boeken te tekenjen.

In skoftsje nei it útkommen fan syn boek Jim mutte komme: ut waait! oer mûnen en mûnders yn Dongeradiel hie amateur-molinolooch Warner B. Banga fan Dokkum it idee om ek in boek te skriuwen oer mûnen en harren mûnders op it moaie Waadeilân Amelân. Al rillegau rûn hy dêrby foarearst de artikels en letter de persoan fan Douwe de Boer tsjin it liif, dy’t him al folle langer dwaande hold mei de skiednis en de mûnen fan Amelân en it fêstlizzen dêrfan of it publisearjen dêroer.

Douwe de Boer wie immen dy’t as direkteur gemeentewurken fan Amelân net allinnich in soad te meitsjen krige mei, mar foaral ek each hie foar âlde, monumintale bouwurken dy’t op it eilân drigen te ferdwinen ûnder it mom fan foarútgong en toerisme. De sûnenstastân fan Douwe siet him lykwols dwers om dy jierrenlang koestere winsk út te fieren, nammentlik it skriuwen fan in boekje oer de wynmûnen op de Oäde Pôlle. Dêryn fûnen de twa skriuwers inoar al gau, want it wurk koe no net allinnich ôfmakke wurde; it die bliken dat se inoar ek nochris pûrbêst oanfollen en fersterken.

Boeiende speurtocht
It waard in jierrenlange gearwurking tusken de twa skriuwers en in boeiende speurtocht troch boeken, argiven en dokuminten oer de wyn-, ros- en hânmûnen fan Amelân.
Op it eilân hawwe yn de rin fan de tiid sa’n tsien mûnen west; net allegearre op itselde stuit of op tsien ferskillende plakken, mar wol ferspraat oer de twa parten fan it eilân, by de doarpen Ballum en Hollum en by de doarpen Nes en Buren. Sa koe bygelyks de hjoeddeiske nôtmûne De Phenix yn Nes (sa’t syn namme al seit) twa foargongers en stiet nôt- en mosterdmûne De Verwachting fan Hollum op krekt itselde plak as dêr’t yn de foarbije iuw syn foargonger stie.

Elke mûne fan in eigen perspektyf út
De skiednissen fan njoggen wynmûnen en har mûnders binne beskreaun. Dy mûnders kochten fan de Heer fan de Vrije Heerlijkheid it oktroai “om syn wyn te skeppen” en te mealle kinnen. Dêrneist giet in apart haadstik oer grôtmûnen en moalkerijen, wêrby’t ferskate nije en bysûndere feiten boppe wetter komme. De nijsgjirrige juridyske en ûnôfhinklike status fan it eilân as Vrije Heerlijkheid  spile dêr in grutte rol by.

It boek is te krijen mei hurd kaft en as paperback, fia de boekhannel en fia de webshop fan útjouwerij Wijdemeer.

oktober 16, 2015 14:31
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.