‘NAM joech ûnkrekte ynformaasje by gaswinningsplannen Grinslân’

oktober 31, 2015 10:40

De Nederlandse Aardolie Maatschappij (NAM) soe net de krekte ynformaasje oer de gaswinningsplannen yn Grinslân jûn ha. Dat skriuwt it Dagblad van het Noorden sneon op basis fan it jierferslach fan de Technische Commissie Bodembeweging (Tcbb). De gefolgen fan ûndjippe ierdbevingen soene te posityf foarsteld wêze en der wurdt ek betwivele oft samar oannommen wurde kin dat it skeagebiet beheind bliuwt ta sân kilometer om it episintrum hinne by in ûndjippe beving.

“De kommisje hat de minister oanrekommandearre om de oanfreger te wizen op dy ûnkrekte ynformaasje en dúdlik te meitsjen dat dy ynformaasje yn nije oanfragen net mear akseptearre wurde sil”, stiet neffens de krante yn it jierferslach. It selskip, ûnder foarsitterskip fan âld-D66-steatssekretaris Dick Tommel, advisearret minister Kamp oer de gefolgen fan mynbou. Boargers kinne ek by de Tcbb oanklopje wannear’t se te krijen ha mei bygelyks boaiemdelgong.

Begjin ferline jier joech de kommisje Kamp advys oer it winningsplan dat troch de NAM yntsjinne wie. Der waarden in protte fraachtekens by set. Sa fûn de Tcbb ûnder oare dat der te min kennis wie oer it Grinslânske gasfjild. Ek oardiele de kommisje dat de opfettingen fan saakkundigen oer it fjild te folle útinoar rûnen. “De risikoberekkeningen binne net transparant en rinne bot útinoar. It is fan grut belang dat de kommende twa oant trije jier in folle bredere groep saakkundigen, út ferskate dissiplines, besiket om oerienstimming te berikken oer it ierdbevingsrisiko.” Neffens de Tcbb hie de NAM net oannimlik makke dat it ierdbevingsrisiko yn Grinslân akseptabel is. It is net dúdlik oft it sluten fan fiif gasputten by Loppersum genôch effekt hat.

Yn in reaksje lit de NAM witte dat der ûnderwilens “aktyf ynfolling” jûn wurdt oan de oanbefellingen fan de Tcbb.

oktober 31, 2015 10:40
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.