“Lit it Welsk dochs stjerre”

oktober 31, 2015 10:00

Maart 2013, de fuotbalwedstryd Ingelân-Wales. Der rûnen in miljoen minsken troch Cardiff, trije kear safolle as ornaris. De stêd gûnze fan ‘e stimmen. Begryplike stimmen, want it gegûns wie Ingelsktalich.

It wie in Welsk feestje, fierd troch Welskljuwe yn de Ingelske taal. Neat bysûnders, want, Welsk is in taal dy’t jo allinne mar hearre as Angharad en Bryn oer jo nij kapsel rabje wolle sûnder dat jo it ferstean kinne. It is de taal foar in priveegrapke dêr’t mar twa minsken om laitsje kinne.

“Stjerrende taal”
Koartlyn stie der in artikel yn The Tab dêr’t it Welsk in “stjerrende taal” yn neamd waard. Der ûntstie in machtigen opskuor ûnder Welskpraters. Net dat hja sa machtich binne, mar se meitsje al in soad leven. Selsfoldien gedoch mei titelroazen en in Keltysk ferline, dat is it. Undertusken hat de taalkunde gewoan gelyk: it Welsk stjert út, want de sprekkers skeakelje oer op in oare taal.

Offierputsje
Der binne noch mar twa gebieten yn Wales dêr’t de mearderheid fan ‘e minsken Welsk praat. It persintaazje Welskpraters is tusken 2001 en 2011 mei twa persint ôfnommen. Net dat dat slim is, mar der wurde alle jierren hûnderten miljoenen euro’s yn de taal stutsen: televyzje yn it Welsk, radio, les op skoalle, twatalige ferkearsbuorden en brievehaden. Undertusken libbet in grut part fan ‘e Welske befolking yn earmoed. Dêrom kriget Wales alle jierren in grut subsydzjebedrach fan ‘e Europeeske Uny. Wêrom wurdt sa’n grut part fan dat jild yn it ôffierputsje fan ‘e Welske taal getten?

Lit Angharad en Bryn mar moai rabje, lit de doarpsbefolking yn ‘e kroech moai sterke ferhalen fertele, mar lit gjin jild yn reek opgean.

Dit is in ynkoarte ferzje fan in kontroversjele kollum fan ‘e konservative Welske sjoernalist Oli Dugmore yn it blêd The Tab. Klik hjir om it orizjineel (yn it Ingelsk) te lêzen.

oktober 31, 2015 10:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.