Kolleezjedei Frjentsjerter Universiteit

oktober 31, 2015 12:05 Fernijd

Op de Kolleezjedei fan sneon 7 novimber 2015 sil it gean oer Frjentsjer en It Bilt mei as ûnderwerp Van Hessel Martena tot Jan Kunst.

Histoarikus en sinolooch dr. Kees Kuiken, dy’t ek saakkundige is wat It Bilt oanbelanget, fersoarget de ynlieding. De middeis sil mei in bustocht troch It Bilt it ferhaal fan Kuiken fisualisearre wurde, ûnder mear mei in besite oan de Groate Kerk yn Sint-Jabik.

De Kolleezjedei begjint om 10.00 oere yn De Koarnbeurs, Noard 2 yn Frjentsjer en duorret oant likernôch 16.00 oere. De kosten binne  € 45,00 de persoan, ynklusyf wiet en drûch.
Foar mear ynformaasje en opjefte: jacobschiphof@gmail.com of tillefoan 0517-39 16 13 / 06-2835 8373.

oktober 31, 2015 12:05 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.