It Frysk yn East-Fryslân

oktober 22, 2015 15:00

mcfDr. Marron C. Fort hâldt in lêzing yn it Nederlânsk
Op nijsgjirrige en ûnderhâldende wize fertelt dr. Fort oer de ûntjouwing fan de Fryske taal yn it algemien en it Saterfries/Sealtersk yn it bysûnder. Yn syn heitelân Amearika studearre er germanistyk, anglistyk, neerlandistyk, skandinavistyk en wiskunde. As taalwittenskipper wie er langere tiid ferbûn oan de universiteit fan Oldenburg.

Foar Omrop Fryslân wurke er yn it ferline mei oan in ôflevering fan de searje ‘It oare Fryslân:  dr. Marron Fort op taalûndersyk yn East-Fryslân’. Dr. Fort hat him tige fertsjinstlik makke foar it behâld fan it Sealtersk en krige dêr mear as ien kear in hege ûnderskieding foar, ûnder mear op 1 septimber l.l.  Reden foar boargemaster Beatrix Kuhl fan Leer om as wolkom fan dr. Marron Curtis Fort der sels by te wêzen op de dei fan de lêzing.

Programma 14 novimber 2015

Ofreis mei Paulusma lúkse autobus:

8.30 oere       Ljouwert, opstappe Transfearium Kealledykje

9.00 oere       It Hearrenfean:  opstappe by McDonalds

11.00 oere     kofje/lunch yn de Strücklinger Hof, Sealterlân

Nei de lunch, om 12.15 oere hinne, nei Leer, mei yn Bokelesch in koarte besite oan de Johannieter kapel, Frysk histoarysk kultureel monumint út de 13e iuw.

14.00 oere     Lêzing Dr. Marron Fort yn de histoaryske Festsaal fan it Rathaus yn Leer

14.50 oere     Neipetear by in kop tee yn de Festsaal of in kuier op eigen gelegenheid yn de Altstadt

16.00 oere     Ofreis bus nei Ljouwert/It Hearrenfean

Oanmelde graach foar 1 novimber. Kosten meidwaan: € 39,- de man/frou. Foar oanmelding / ynfo:  ljoowstetlound@outlook.de

oktober 22, 2015 15:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.