Fytse mei in ferhaal troch de Wâlden
Resint ferskynd
Eastermar – Wa’t yn de Wâlden wennet hat grif wol ris heard fan Dam Jaarsma. Dam Jaarsma wie fan berop helppredikant en dosint godtsjinst. Hy sette te wenjen yn it doarp Eastermar dêr’t er ek wei kaam. Neist it wêzen fan helppredikant en dosint hold er him ek dwaande mei it skriuwen fan dichten en folksferhalen. Benammen dat lêste hat derfoar soarge dat der sûnt 19 septimber in spesjale fytstocht kaam is. Tidens it fytsen kinne minsken harkje nei âlde folksferhalen dy’t har ôfspile hawwe yn de Wâlden, yn elk doarp kin men mei syn/har snoadfoan in ferhaal hearre yn it Frysk of Nederlânsk.
De Wâlden tusken Dokkum en Drachten, mei harren elzesingels, dobben, pingoruïnes en dykswâlen, steane bekend om har folkssammeling. Dam Jaarsma wenne yn it doarpke Eastermar syn hiele libben lang. Om’t er helppredikant wie kaam er in soad by minsken oer de flier. De minsken yn de Wâlden wiene eartiids byleauwich; efter in beamsingel koe samar de duvel te foarskyn komme. Oeral dêr’t Dam Jaarsma kaam skreau er de ferhalen dy’t minsken him fertelden op. Al dy ferhalen, op papier somtiden net langer as in heale A4, binne sammele yn boeken. In bekend boek is ‘mearkes út de Wâlden’.
Ferline jier wie it Dam Jaarsmajier, want doe wie it 100 jier tebek dat Dam berne waard yn Eastermar. Syn bertehûs stiet ek noch altyd oerein. Neidat der in soad tiid yn dat tema stutsen is, is der sûnt koart in rûte te fytsen dêr’t folksferhalen fan Dam Jaarsma by te hearren binne. De ferteller fan de ferhalen is Douwe Kootstra. Oeral op in bepaald plak kinst fia dyn snoadfoan in ferhaal hearre. De rûte giet troch in ferskaat oan doarpen, tink oan Eastermar, Droegeham, Stynsgea, Surhuzum, Surhústerfean, de Loane, Houtigehage en de Rottefalle. Tusken smûk skaad en beamtegrien fytsend nei in oar plak mei syn eigen ferhaal.
De rûtekaarten binne te krijen by de slachter, supermerk en fytsknooppunt 79 yn Eastermar. De rûtes binne 15 en 40 kilometer troch de Noardlike Fryske Wâlden. Jo kinne ek in rûte rinne.
Wa’t it oandoar, kin weagje om dizze rûte te fytsen tusken al dy koppige Wâldpiken dy’t rûch en oars as oars binne.
Doarsto it oan?
Sjoch ek op www.sagenjager.nl of www.damjaarsma.nl foar mear ferhalen en ynformaasje.
De ferhalen binne yn it Frysk en Nederlânsk.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje