Fryslân DOK – Molkdilemma yn Afrika

oktober 11, 2015 09:00 Fernijd

Fryslan_DOKYn Fryslân DOK Molkdilemma yn Afrika bringt in folslein Frysk team in besite oan it Afrikaanske lân Oeganda. It team, besteande út in boer, in foarljochter, in feedokter en in lânboukundige, docht in tal alarmearjende ûntdekkingen.

De iuwenâlde ynlânske feerassen yn Uganda binne krúst mei Holstein-Frykse kij om de molkproduksje te ferheegjen, mar de bisten hawwe minder wjerstân. Se binne ekstra gefoelich rekke foar earnstige feesykten lykas de faak deadlike East Coast Fever. Om net grutte dielen fan harren feebeslach te ferliezen, bespuitsje de Ugandeeske boeren de kij út foarsoarch mei ynsektisiden dêr’t de gearstalling faak net bekend fan is. Dat soarget foar in ekologyske ramp yn de greidegebieten. Bijen, flinters en fûgels dy’t de ynsekten ite, ferdwine.
Siik fee kriget antibioatika, dat goedkeap en sûnder resept te krijen is. Mikro-organismen wurde der sadwaande ek hieltyd resistinter tsjin. Saakkundigen foarsizze om 2020 hinne miljoenen deaden yn Afrika en Azië ta gefolch. De kwaliteit fan it iten rint ek tebek om’t yn de konsumpsjemolke resten fan antibioatika en ynsektisiden sitte.

‘Molkdilemma yn Afrika’ waard mei mooglik makke troch Omrop Fryslân, Dutch Farm Experience en Oxfam Novib. It ûndersyk waard holden yn it ramt fan it E-Motive útwikselingsprogramma fan Dutch Farm Experience en Oxfam Novib.
Dutch Farm Experience wijt twa gearkomsten mei politisy en boeren oan dit ûnderwerp. De earste dêrfan is op tiisdei 29 septimber yn De Haach op it Ministearje fan Ekonomyske Saken. De twadde is tongersdei 1 oktober yn Swolle foar boeren út de trije noardlike provinsjes. De dokumintêre wurdt op dy gearkomsten sjen litten.

Fryslân DOK: Molkdilemma yn Afrika
Snein 18 oktober om 17.00 oere en dêrnei fan 18.10 oere ôf alle oeren op Omrop Fryslân Televyzje. Ek te sjen op sneon 17 oktober om 15.35 oere en snein 18 oktober om 12.25 oere op NPO 2.

oktober 11, 2015 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.