Efkes laitsje mei de kat op ‘e tafel
Resint ferskynd
Hiene jo soks al wol ris sjoen? It is in jong katsje op in glêzene tafel, fan ûnderen wei besjoen. Bysûnder, net?
Hiene jo soks al wol ris sjoen? It is in jong katsje op in glêzene tafel, fan ûnderen wei besjoen. Bysûnder, net?
Nee, sa nea sjoen.
Wol mear as fijtich jier lyn in kat op de wite lekkens fan beppe yn de blikke. Pake stuts dan yn syn timmerwurkpleats de buks troch it seachlûk en joech de kat in skot oer de bealch. Net der yn, mar der oer. Werskynlik net om it bloed fan de kat, mar om de lekkens fan beppe foar bloed te sparjen. Dyselde kat ha ‘k dêr near wer yn de tún sjoen.
Wie oars mei ús eigen kat thús goed wiis.Is nei fytjin jier sa mar ferdwûn. Werskynlik om op in rêstich plakje earen te ferstjerren, sei in buorman, boeresoan. Lykwols, wy hawwe der thús slim lest fan hân, dat er der net mear wie, sûnder ôfskie.
Pake hie oars in gouden hert, mar tiden hawwe tiden.