De ûnmooglikheid fan goede bedoelingen yn minne tiden

oktober 22, 2015 09:00 Fernijd

Inze-TimmerInez Timmer bringt skrinend libbensferhaal fan sjongeres yn oarlochstiid ta libben

Jo binne de geastlike mem fan in populêr leafdesliet. It liet jout jo eare en rom. Mar dan geane de nazys dermei oan ’e haal en wurdt jo liet tsjin it sin de hit fan de grutste oarlochs- en ferneatigingsmasine fan de tweintichste iuw. Wat docht dat mei jo en hoe rêde jo je út de mangel fan publike en politike druk dy’t op jo útoefene wurdt? Dat is it dilemma fan de Dútske stjer Lale Andersen, de sjongeres fan it wrâldferneamde oarlochsliet Lili Marleen. Har skrinende libbensferhaal wurdt yn it teater ta libben brocht yn de foarstelling Op Alle Fronten, spile troch Inez Timmer en Tseard Nauta.

It artystelibben fan Lale Andersen begjint as in spannend aventoer. Se giet by de man en bern wei om har oer te jaan oan in libben fol mei muzyk en teater, en oan de leafde foar in Joadske komponist. It balansearjen op it snijflak fan romantyk, skuldgefoelens, opwining en eangst falt wei by de dilemma’s en spanningen dêr’t se mei konfrontearre wurdt as de Twadde Wrâldoarloch útbrekt en de nazys har liet Lili Marleen kape as muzikale opwaarmer by harren oarlochssucht. Sa belânet Lale Andersen yn in ynterne striid dy’t ‘op alle fronten’ fierd wurde moat.

Sjongeres Inez Timmer (berne yn Fryslân, wennet no yn Dútslân dêr’t se musicalstjer is) rekke sa fassinearre troch dit wier barde ferhaal dat se sawol de ûntsteansskiednis fan de wrâldhit ‘Lili Marleen’ as it libben fan Lale Andersen hielendal útpluze hat. Sûnt ferline jier giet se it lân troch mei in muzikale lêzing oer Lili Marleen. Fan oktober 2015 ôf bringt se tegearre mei muzikant Tseard Nauta in folweardige teaterfoarstelling oer Lale Andersen op ’e planken: Op Alle Fronten.

Inez Timmer: “In sterk frommes, dat wolle wy allegearre wol wêze. Sûnder mis wie Lale Andersen in bûtengewoan sterk frommes. Mar se hat dêr in allemachtich soad offers foar bringe moatten. Se liet har bern yn ’e steek, de jongste wie noch mar in pear wike âld. Har boarsten moatte noch swier fan de tate west hawwe doe’t se op de trein stapte nei it wrâldske Berlyn fan de tweintiger jierren. Se hat bûge moatten foar kollega’s en knibbelje foar regisseurs; letter moast se har krinke en ferleagenje litte troch de nazys. Dat hat se allegear ondergien, mei mar ien doel: oerlibje. Oerein bliuwe yn in tiid wêryn’t prinsipes en rjochtlinigens in te neate meitsjend effekt hiene op har libbensferwachting. It ferhaal fan Lale Andersen is it ferhaal fan de ûnmooglikheid fan goede bedoelingen yn strieminne tiden.”

De foarstelling Op Alle Fronten belibbet syn premjêre op tongersdei 29 oktober yn it Posthústeater op It Hearrenfean. Inez Timmer wurdt begelaat troch muzikant Tseard Nauta. It stik, mei in soad bekende lietsjes út de heechtiiddagen fan it Dútske teater, is skreaun troch Gilla Cremer en wurdt regissearre troch Bart Kingma. Technyk: Remko Hoitsma. De foarstelling is ek te sjen yn Ychten (6 novimber), Bûtenpost (15 novimber), Balk (27 novimber), Ljouwert (13 jannewaris) en yn Warns (24 april).

oktober 22, 2015 09:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.