Boekeloo (7)

oktober 20, 2015 09:30 Fernijd

wynFan ’t simmer ferskynde by Elikser Wyn fan feroaring fan Hilda Talsma, in moderne doktersroman. In doktersroman om’t de haadpersoan in dokter is, trouwe sil mei in oare dokter en fereale wurdt op ien mei net safolle oplieding. Modern, want de dokter is in frou, se is kwetsber en dat makket simpatyk, se docht oan mindfulness en jout advyzen foar goed iten, dêr’t de lêzer syn foardiel ek mei dwaan kin: lekker en sûn ite, mear nei bûten, dwaan watst graach dochst en sa min mooglik pillen. Dêr stiet foaroer dat der in soad sûpt wurdt; dat past der eins net by. De karakters, dy fan de oare dokter ek, meitsje in ûntwikkeling troch. Wol binne Bonnie en Connie, de twilling, ûnwierskynlik plat. Sintraal stiet in spannend beskreaune IFKS-skûtsjesilerswedstriid.

Johanna is der net goed yn om har gefoel te folgjen en pas op ’e ein wurdt dúdlik wêr’t it him oan leit. Bewust wêze, witte wa’tsto bist en leafhawwe mei hert, siel en lichem meitsje fan Johanne dejinge dy’t se eins is. Dêr wurdt har libben folle moaier fan.
Dat betsjut ek dat it ferswijen fan drege saken, sa’t dat yn dit boek troch eardere generasjes dien waard om minsken te beskermjen, liedt ta ûngelokkich wêzen en ferkeard kiezen troch dejinge dy’t fan neat wit en dy’t sitten bliuwt mei betiizjende gefoelens. Dat jildt ek foar in yntilliginte frou lykas Johanna. It boek is in pleidoai foar praten. In moaie roman.

Hilda Talsma, Wyn fan feroaring. Elikser 2015, ISBN 978 90 8954 769 9. Priis € 18,50

 

 

doutzenRommert Tjeerdsma (1943) skreau mei Doutzen ûnder fjoer (foar de KFFB) syn tredde oarlochsroman. De oare twa binne Om Doutzen (2013) en De Ferliezers(2014). Yn alle trije de romans leit it aksint op pro-Dútske sentiminten.
Dat de winners altyd gelyk hawwe, soe it motto wêze kinne fan Tjeerdsma syn trije oarlochsromans. Dêrmei jout er wat wrokkich oan dat der foar him net in wrychtich ûnderskied is tusken goed en kwea: it tafal makket út wa’t de sterkste is en de ferliezers binne ‘dus’ fout. Ik bin it dêr net mei iens. Wa’t yn syn hert de wet fan leafde hat en dy folget, kin fouten meitsje, mar is net in ferkeard minske, oft er no wint of ferliest.

Tjeerdsma jout yn Doutzen ûnder fjoer in byld fan de oarloch, sjoen fan it NSB-stânpunt út. It wie in hiel soad Friezen ynearsten wol goed, yn it begjin fan de oarloch wie it libben sels better ûnder de Dútsers. De priis fan de molke hie noch noait sa heech west. Der wie wurk, de djippe krisis fan de tritiger jierren like oplost troch de oarloch. Oant de molkestaking yn 1943 tilde it yn Fryslân op fan de faksisten, in protte minsken, foaral boeren, wiene lid fan of sympatisearren mei de NSB of it Frysk Faksiste Front. Doe’t bliken die dat de Dútsers de Friezen net beleannen foar har trou, kearden yn ’43 in hiel soad minsken har ôf fan de idealen fan de NSB.

Mar molkrider Sibe, troud mei Doutzen, hâldt de hiele oarloch lang fol dat wa’t ienkear keazen hat foar de NSB, trou wêze moat, tsjin alle gefoel foar rjochtfeardichheid yn. Oars bisto lef, neffens him. Tsjinlûden fan Doutzen en har heit wurde (mei de fetpanne) fan tafel feegd sûnder in djipper doljend wjerwurd. De heit fan Doutzen is anty-NSB, in leauwich man en hy lêst yn de Bibel, mar dat wurdt respektleas beskreaun. Dêrmei set Tjeerdsma it leauwe yn God wei as eat foar domme minsken. En dat foar in KFFB-man. Sibe is as NSB’er úteinlik de ferliezer en komt nei de oarloch yn in strafkamp, wylst er net in hiel soad ferkeard dien hat. En Doutzen, in leave frou en har bern wurde straft om’t Sibe in trouwe NSB’er is en him ferplicht fielt om mei te dwaan.

It is spitich dat Tjeerdsma de werklikheid geweld oandocht troch iensidich te bekriuwen hoe wreed de tsjinstanners fan de faksisten west hawwe. Mar hy hat wol in punt: wrok makket wreed. Hy hie allinnich sels net yn dy fal traapje moatten.

Rommert Tjeerdsma, Doutzen ûnder fjoer. KFFB 2015, ISBN 978-94-91971-06-8. €16.00. Ledepriis €9.00

Klaske Hiemstra

oktober 20, 2015 09:30 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Cornelis van der Wal oktober 21, 01:16

    In moaie rubryk Klaske! Eigenaardich dat de KFFB sokke ‘foute’ boeken útjaan wol…

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.