Boekeloo 6

oktober 3, 2015 09:00

Yn dizze sechsde Boekeloo besprek ik trije boeken fan útjouwerij Elikser. It is fansels net sa moai dat goede Fryske skriuw(st)ers der jild op ta lizze moatte om harren boeken útjaan te kinnen. Lokkich hat Elikser op dizze wize wol plak foar boeken dy’t troch de gewoane útjouwers wegere wurde om’t der tûzen eksimplaren fan ferkocht wurde moatte; oars kin it net út en komt de hannel yn de ramsj. Mei in goede resinsje buorkje de skriuwers fan moaie boeken der hooplik net by yn. Ik doch myn bêst.

ttcIk besprek earst de Tao te Ching fan Lao Tse, it boek fan de wei en de deugd, ferfryske troch Eric Hoekstra. It boek is útjûn as kearboek: wa’t it boek omkeart fynt de wertaling yn it Hollânsk, net heal sa moai as de Fryske tekst.

Op google fûn ik as earste betsjutting fan tao: paad of wei. Yn de filosofy fan Lao Tse (4e iuw foar Kristus) is it it Al-iene, de woartel fan alles, de mem fan alle dingen, dy’t alle tsjinstellingen yn him hat. Sa is er ûnferoarlik, mar dochs de oarsaak fan alle feroaring. De Tao wol oansette ta de deugd. It kristlike godsbegryp is net hiel fier fuort.

Trije foarbylden. Ut III,1: Hâld it simpel/ behein dy ta it basale/ wês ien út it hiele hout/wês minder mei dysels dwaande/ lear behoeften ôf.
Ut V,2: de kalkulearjende boarger mist in hert/ en elk moat bûge foar syn wet.
Of ek hiel moai, út I,9: Hast de put derút, jou dy dan del.

Prachtige stille poëzy en in protte goerie ek foar ús, dy’t libje yn in rûzige tiid dêr’t it jild fierstente faak de minsken de wet stelt. En dêr’t de minsken altyd te min tiid tinke te hawwen om harren del te jaan as it net mear wol.

Tao Te Ching | Frysk en Nederlands
Elikser ISBN 9789089547941 –  € 16,50

mgFan Eric Hoekstra is ek Midfrysk goud, It bêste út ’e 17e iuw yn goed lêsber Frysk.

Yn dizze bondel jout Hoekstra in moai ynsjoch yn hoe’t it dik trije jier lyn op brulloften ek al optilde fan ûnfoech praat en taspilingen op wat minsken no ien kear sa graach dogge as se (krekt) troud binne.

In protte sprekwurden en siswizen fan Jurjen fan Burmania út de 17e iuw foarsjocht Hoekstra sa no en dan fan kommentaar. Twa helje ik derút en fertel derby wat ik derfan tink. Hast ûnderoan side 104: Hy moat in wiif ha of in grutter broek; dizze hear hat wat in bol broekje fan foaren. En hast boppe-oan side 110: Wolst net âld wêze, lit dy jong hingje; asto it âlder wurde net ferneare kinst, moatst it foar wêze en dy opknoopje ast jong bist. Sorry, it stiet der gewoan.

Oer Gysbert Japicx is Hoekstra net sa hiel bot te sprekken: hy is wat te saai, hy hie der wat mear út moatten, nei de stêd of sa. Dat is fansels net te dwaan foar in ûnderwizer dy’t syn fak ynhâld jaan wol, in gesin hat, en skriuwe wol. Boppedat ferliest de skoalmaster-skriuwer hiel wat gesinsleden oan de pest, en dan hat men net sa’n aardichheid oan reiskes yn in postkoets op hurde bankjes, mei stjonkende mei-passazjiers en in grutte kâns om oerfallen te wurden troch rôvers. Dan hat sa’n Japicx tink dochs mear hân oan syn leauwe, dat in hiele stipe wêze kin as it libben dreech is.

Foar de rest is Midfrysk goud wier in hiel lêsbere seleksje fan wat yn de 17e iuw yn it Frysk oan literatuer ferskynd is, mei oer it algehiel deeglik kommentaar.

Midfrysk Goud
Elikser ISBN 9789089547934 ­ – € 16,00

tichtbyFan Jan Schokker is Ale Alema yn Tichtby, in boek út de Ale Alema-rige. As de misdied plysjeman Ale Alema persoanlik rekket, wurdt it wurk der net moaier op. Lokkich leit Ale goed by de froulju en it is no ienkear syn fak. Hy giet mei syn Nanke nei Noarwegen, mar in ûntspande fakânsje is it net. Kollega Wytske behimmelet yntusken de moard op in soere resinsint (sa’t ik net wêze wol, en net allinnich omt it feiliger is). Ale syn buro is op de Atlantastrjitte yn It Hearrenfean. Aardich foar de couleur locale.

Tichtby
Elikser ISBN 9789089547682 – € 19,50

Klaske Hiemstra

oktober 3, 2015 09:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. doedel oktober 3, 14:04

    Moaie stikjes yn Boekelo, ien fan de nijsgjirrichste rubrykjes op itnijs.nl, fyn ik.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.