Sêgen jeie troch de Fryske Wâlden
Resint ferskynd
Dam Jaarsma’s folksferhalen yn it omtinken mei spesjale rûtes
Sneontemoarn 19 septimber wurdt fan Eastermar út de fyts- en kuierrûte Sêgen jeie troch de Fryske Wâlden iepene. Studinte skiednis Lutske Holthuis en it Meertens Instituut hawwe yn gearwurking mei Stifting Dam Jaarsma de rûte útset. Nei in gearkomste op it Breed by de nije pleintafel it Wâlhout, mei meiwurking fan Theo Meder fan it Meertens Instituut en ferhaleferteller Douwe Kootstra, nimt Joop Atsma de earste rûtekaart op in ludike wize yn ûntfangst. Dêrnei wurdt de rûte iepenfytst en wurdt de rûte ek online lansearre.
Spannende ferhalen yn moaie omkriten
De rûte jout gelegenheid om mei ferhalesamler Dam Jaarsma yn it dekôr fan beamwâlen en dobben oer iuwenâlde sânreden te fytsen of te kuierjen. Sykje nei duvels, spoeken of wanleauwige boeren. De skitterende rûte biedt ynformaasje en ferhalen oer de omkriten dy’t ûnderweis fia de pepieren rûtekaart Sêgen jeie troch de Fryske Wâlden te lêzen binne en ek online te beharkjen.
Begjinpunt
De start fan de rûte Sêgen jeie is op it parkeerplak foar ‘it Betterskip’ oer by knooppunt 79 yn Eastermar. Dêr kin út in spesjale bak de papieren rûtekaart fergees meinommen wurde. Op www.sagenjager.nl stiet nei 19 septimber de online rûteplanner fan it Meertens Instituut mei folksferhalen út de Fryske Wâlden. Dêr binne Frysk- en Nederlânsktalige folksferhalen online te lêzen en te beharkjen. De rûte op www.sagenjager.nl is de meast streekrjochte fytsrûte, mei aksint op lokaasjes dy’t linkt wurde oan ferhalen. De rûte fan de kaart leit de fokus op it karakteristike lânskip. Op www.damjaarsma.nl is ek ynformaasje te finen oer histoarje, folksferhalen en natuernijsgjirrigens.
Knooppunte-netwurk
De oersichtlike kaart lit rûtes fan 15 oant 40 kilometer sjen en folget it netwurk fan fytsknooppunten. De rûte kin sadwaande maklik útwreide of ynkoarte wurde. Behalve it omtinken foar nijsgjirrige folksferhalen dy’t Jaarsma sammele en oan it Meertens Instituut jûn hat, wurdt der ek skiedkundige ynformaasje jûn. Foarpriuwke op televyzje mei it TV-programma ‘Landinwaarts’, presintearre troch Dieuwertje Blok, besteget tongersdei 17 septimber omtinken oan folksferhalen, Dam Jaarsma, it lânskip fan de Noardlike Fryske Wâlden en de rûtes. De útstjoering is om 19.20 oere op NPO 2. Dieuwertje ferkent de rûte en mei it skimerjen spilet de Eastermarder jongerein in spannende sêne út in folksferhaal.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje